Springe nei ynhâld

Griismaskerpappegaaido

Ut Wikipedy
(Trochferwiisd fan Treron griseicauda)
Griismaskerpappegaaido
taksonomy
ryk dieren (Animalia)
stamme rêchstringdieren (Chordata)
klasse fûgels (Aves)
skift do-eftigen (Columbiformes)
famylje dofûgels of dowen (Columbidae)
skaai pappegaaidowen (Treron)
soarte
Treron griseicauda
Bonaparte, 1855
IUCN-status: net bedrige

De griismaskerpappegaaido (Treron griseicauda) is in fûgel fan it skaai pappegaaidowen (Treron) út de famylje dofûgels (Columbidae).

Pearke griismaskerpappegaaidowen neffens
John Gerrard Keulemans (1842–1912).

De griismaskerpappegaaido is in mûtel doke fan 28 sm lang mei in krêftige griene oant giele snaffe, in griis gesicht en in grize krún, in griis boarst en in hast komyske gielgriene ring om de eagen. It kin is gielgriis oant griis en giet op 'e kiel en it boarst yn grien oer. It boarst is by in soad mantsjes ek wat oranje-eftich. De búk is wer appelgrien en de flanken binne griis en grien. De stút is donkergrien.

It mantsje hat donkerreadbrun op 'e rêch en skouders, dat by it wyfke ûntbrekt. Ek binne de giele rânen fan 'e wjukfearren by it wyfke smeller en bleker fan kleur. It wyfke kin betiizge wurde mei de wyfkes fan 'e Yndyske pappegaaido en oranjeboarstpappegaaido, mar de grize krún, de griene eachring en de felgrien-giele wjukken binne ûnderskiedend.

Griismaskerpappegaaidowen binne yn fjouwer oant fiif ûndersoarten te ûnderskieden.

De soarte hat in tige grut ferspriedingsgebied. De populaasje liket stabyl ek al is net bekend hoe grut de populaasje is. De fûgel wurdt dêrom as net bedrige beskôge.

Boarnen, noaten en referinsjes

[boarne bewurkje]
Boarnen, noaten en/as referinsjes: