Springe nei ynhâld

Yndyske pappegaaido

Ut Wikipedy
Yndyske pappegaaido

mantsje

wyfke
taksonomy
ryk dieren (Animalia)
stamme rêchstringdieren (Chordata)
klasse fûgels (Aves)
skift do-eftigen (Columbiformes)
famylje dofûgels of dowen (Columbidae)
skaai pappegaaidowen (Treron)
soarte
Treron vernans
Linnaeus, 1771
IUCN-status: net bedrige
ferspriedingsgebiet

De Yndyske pappegaaido (Treron vernans) is in fûgel út it skaai pappegaaidowen (Treron) út de famylje dofûgels (Columbidae).

Spantsje op Noard-Sulawezy.

Yndyske pappegaaidowen binne fûgels fan 25 oant 30 sm grut. Se wege 105-160 gram. De fûgels binne griis op 'e krún, hawwe griisblauwe kopfearren, dy't yn 'e hals en op 'e nekke yn rôze oergeane, in oranje flek op it boarst en binne giel op 'e búk. It wyfke hat minder ferskaat yn kleur, is grien fan boppe en gielgrien fan ûnder. Mantsjes en wyfkes hawwe opfallende giele en swarte wjukpinnen en giele flekken op de ûnderste sturtdekfearren.

Yndyske pappegaaidowen komme yn 'e lannen om 'e Yndyske Arsjipel foar, fan Súdeast-Aazje oant de Filipinen en Yndoneezje.

De fûgel komt yn in grut gebiet foar en de populaasje is stabyl. De soarte wurdt neffens de Reade list fan it IUCN net bedrige.

Boarnen, noaten en referinsjes

[boarne bewurkje]
Boarnen, noaten en/as referinsjes: