Groubekpappegaaido
groubekpappegaaido | ||||||||||||
---|---|---|---|---|---|---|---|---|---|---|---|---|
taksonomy | ||||||||||||
| ||||||||||||
soarte | ||||||||||||
Treron curvirostra | ||||||||||||
Gmelin, 1789 | ||||||||||||
IUCN-status: net bedrige | ||||||||||||
De groubekpappegaaido (Treron curvirostra) is in fûgel fan it skaai pappegaaidowen (Treron) út de famylje dofûgels (Columbidae).
Beskriuwing
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]De groubekpapegaaido is in middelgrutte griene do fan 22,5 oant 31 sm. De fûgel liket mei syn grize krún, de readbrune mantel by it mantsje en de giele en swarte rânen fan 'e wjukfearren in soad op 'e dowen fan de saneamde Pompadour-groep. It ûnderskied is lykwols in dikkere snaffel mei in reade basis, in heldergriene eachring en it patroan op 'e ûnderste sturtdekfearren.
Fersprieding
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]De soarte libbet yn 'e bosken fan it leechlân fan Súdeast-Aazje en de Yndyske Arsjipel. Der is strideraasje oer de yndieling yn ûndersoarten. De fûgel wurdt fan monotypysk behannele oant ferdield yn twa oant njoggen ûndersoarten mei de folgjende ferdieling:
- T. c. nipalensis: fan sintraal Nepal en noardeastlik Yndia oer Myanmar oant súdlik Yndosjina.
- T. c. hainanus: Hainan (by súdeastlik Sina).
- T. c. curvirostra: Maleizje en Sumatra.
- T. c. haliplous: Simeulue (by noardwestlik Sumatra).
- T. c. pegus: Nias (by westlik Sumatra).
- T. c. smicrus: Sipora, Siberut en de Batû-eilannen (by westlik Sumatra).
- T. c. hypothapsinus: Enggano (by súdwestlik Sumatra).
- T. c. nasica: Borneo.
- T. c. erimacrus: Balabac, Palawan, Mindoro (Filipinen).
Status
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]It oantal fûgels fan 'e soarte liket ôf te nimmen, alhoewol't it net bekend is hoe grut de populaasje is. Der wurdt fan útgien dat de populaasje net hurd tebekrint en de soarte wurdt neffens de Reade list fan it IUCN dêrom as 'net bedrige' klassisifisearre.
Boarnen, noaten en/as referinsjes: | ||
|
- Fûgelsoarte
- Pappegaaido
- Lânseigen fauna yn Bangladesj
- Lânseigen fauna yn Birma
- Lânseigen fauna yn Brûnei
- Lânseigen fauna yn Bûtan
- Lânseigen fauna yn de Filipinen
- Lânseigen fauna yn Fjetnam
- Lânseigen fauna yn Yndia
- Lânseigen fauna yn Yndoneezje
- Lânseigen fauna yn Kambodja
- Lânseigen fauna yn Laos
- Lânseigen fauna yn Maleizje
- Lânseigen fauna yn Nepal
- Lânseigen fauna yn Sina
- Lânseigen fauna yn Singapoer
- Lânseigen fauna yn Tailân
- Lânseigen fauna yn Taiwan