Treinramp by Winsum (Grinslân)
Treinramp by Winsum | ||
Yn tichte mist botsten twa treinen frontaal opinoar súd fan Winsum. | ||
bysûnderheden | ||
type ramp | treinramp | |
subtype | Frontale botsing | |
oarsaak | Tichte mist en in minsklike flater | |
datum | 25 july 1980 | |
tiid | 7.30 oere | |
lân | Nederlân | |
provinsje | Grinslân | |
plak | Winsum | |
statistiken | ||
deaden | 9 | |
ferwûnen | 21 | |
lokaasje | ||
Lokaasje fan 'e treinramp yn Nederlân.
|
De treinramp by Winsum barde op freed 25 july 1980 om 7.30 oere besuden Winsum op it Hêgelânspoar. By de botsing wiene twa stoptreinen belutsen. By de botsing kamen 9 passazjiers om it libben, en rekken 21 passazjiers ferwûne. It ûngelok wie 40 jier nei de treinramp by Ranum benoarden fan Winsum.
Belutsen treinen en omstannichheden
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]By de ramp wiene twa treinen belutsen:
- Stoptrein 8726, ûnderweis fan Roodeschool nei Grins. Dy bestiet út twa treinstellen fan it type DE (Blauwe Ingel).
- Stoptrein 8713, ûnderweis fan Grins nei Roodeschool. Dizze trein bestiet út ien treinstel ek fan it type DE.
It trajekt mei inkeldspoar tusken Sauwerd en Roodeschool waard al sawat trettjin jier beriden sûnder ATB en ljochtseinen. It trajekt waard befeilige mei CRVL. Yn de iere moarn fan 25 july om 7.30 oere hinne ried de masinist fan de folle passazjierstrein 8726 (twa treinstellen) út stasjon Winsum wei rjochting Grins. De ferkearslieding hie krekt oanjûn dat er yn Winsum wachtsje moast omdat syn tsjinlizzer (rjochting Roodeschool) mei in pear minuten fertraging út Sauwerd fuort gien wie. Troch de tichte mist wie it sicht mar sa 'n 200 meter. De masinist seach yn de buert fan de Voslaan op it lêste momint de ljochten fan trein 8713, mar doe wie it al te let. De twa stoptreinen wiene mei 80 km it oere tsjin inoar opriden. De kabine fan de trein út Sauwerd wie oer de kabine fan de trein út Winsum hinne walst. It wie dreech om de ferwûnen te befrijen fanwegen de tichte mist en troch in sleat njonken it spoar.
Nei de ramp
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]Wat noch ride koe is dêrnei fuortsleept. De ferûngelokke parten fan de treinstellen, waarden fan it spoar takele en yn de greide delsetten foar ûndersyk. Dêrnei binne de treinen op djipladers ôffierd nei de sloop. De ûnskansearre dielen waarden gearfoege ta in 'nij' treinstel. De masinist fan de trein út Roodeschool, hie opdracht krigen om yn Winsum te wachtsjen op de tsjintrein. Wêrom't er dochs fuortgie, is nea dúdlik wurden. Faaks tocht de masinist dat er noch op stasjon Baflo wie. De CRVL fereaske in soad hânwurk en omtinken fan alle belutsenen en hie as neidiel dat de treinen net folge wurde koene en der dus fertroud wurde moast op it krúsingberjocht fan de masinisten fan beide treinen wêrnei 't de kondukteur it befel om ôf te setten jaan koe. Doe't de trein ienkear út Winsum fuortgien wie, koe er net mear opholden wurde, om de deasimpele reden dat de ferkearslieder derop fertroude dat de trein yn Winsum wachtsjen bleau.
Yn 1981 is de CRVL ôfskaft en krige it trajekt ljochtseinen. Yn 2005, 25 jier nei it ûngelok, is der yn de greide oan de Voslaan in betinkings-stek mei de ynskripsje 1980 – 2005 pleatst ta oantinken oan de njoggen slachtoffers. Ein 2007 is de spoarline útrist mei it treinbeynfloedingssysteem ATB Nije Generaasje, wêrtroch't de kâns op ûngemakken in stik lytser wurden is.
Boarnen, noaten en/as referinsjes: |
|