Transkaspyske sliepmûs
Transkaspyske sliepmûs | ||||||||||||
---|---|---|---|---|---|---|---|---|---|---|---|---|
taksonomy | ||||||||||||
| ||||||||||||
soarte | ||||||||||||
Myomimus personatus | ||||||||||||
Ognev, 1924 | ||||||||||||
IUCN-status: kwetsber | ||||||||||||
De Transkaspyske sliepmûs (Latynske namme: Myomimus personatus) is in sûchdier út it skift fan 'e kjifdieren (Rodentia), de famylje fan 'e sliepmûzen (Gliridae) en it skaai fan 'e mûssliepers (Myomimus), dat foarkomt oare kant de Kaspyske See (dêrfandinne de namme), yn Turkmenistan en noardlik Iraan. Dizze soarte waard foar it earst yn 1924 wittenskiplik beskreaun troch de Russyske soölooch Sergej Ognev.
Uterlike skaaimerken
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]De Transkaspyske sliepmûs hat krekt as ferskate oare sliepmûzesoarten in swartkleurige stripe hier dy't oan wjerskanten fan 'e kop fan 'e snút oer de eagen nei de earen rint. Sadwaande komt er oan syn Ingelske namme: masked mouse-tailed dormouse, wat "maskere mûzesturtsliepmûs" betsjut.
Status
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]De Transkaspyske sliepmûs hat de IUCN-status fan "kwetsber", wat de leechste fan 'e trije foarmen fan bedriigdheid is (de oare beide binne "bedrige" en "krityk").
Boarnen, noaten en/as referinsjes: |
Foar boarnen en oare literatuer, sjoch ûnder: Source, op dizze side. |