Springe nei ynhâld

Transfiguraasjekatedraal (Tsjernihiv)

Ut Wikipedy
Transfiguraasjekatedraal
Lokaasje
lân Oekraïne
oblast Tsjernihiv
plak Tsjernihiv
koördinaten 51° 29' N 31° 18' E
Tsjerklike gegevens
patriarchaat Moskou
Arsjitektuer
boujier 11e iuw
Webside
Side fan de katedraal
Kaart
Transfiguraasjekatedraal (Oekraïne)
Transfiguraasjekatedraal

De Ferlosser-Transfiguraasjekatedraal of de Katedraal fan 'e Ferhearliking op de Berch (Oekraynsk: Спасо-Преображенський собор) is it âldste gebou yn Tsjernihiv yn 'e Oekraïne. De tsjerke is ien fan seldsume noch besteande bouwurken, dy't noch foar de islamityske ynfaazje fan 'e jierren 1230 yn 'e tiid fan it Kiëvske Ryk boud waard. De otterdokse katedraal stiet yn it Dytynets Park en falt ûnder it patriarchaat fan Moskou.

11e-iuwsk fresko fan Sint-Tekla yn de katedraal.

Prins Mstislav fan Tsjernihiv sette útein mei de bou fan 'e katedraal en neffens de oerlevering soene de muorren by it ferstjerren fan 'e prins yn 1035 of 1036 like heech west hawwe as de hiche fan in ruter. Net dúdlik is it yn hokker jier de bou foltôge wie. Prins Mstitlav waard yn 'e katedraal begroeven, mar de katedraal wie op it stuit fan syn dea noch net ôf. Ek de prinsen Igor Olgovitsj († 1147), Igor Svjatoslavitsj († 1201) en oare prinsen waarden letter yn 'e tsjerke byset.

Doe't de Gouden Heap it lân ynfoel waard de katedraal yn 1239 skeind. In renovaasje folge yn 'e 17e iuw, mar in brân yn 'e 18e iuw makke letter wer in restauraasje needsaaklik. By dy brân gyngen ek in soad fan 'e fresko's fan 'e tsjerke ferlern en ek it oansjen fan it gebou mei de weropbou doe feroare. It hjoeddeiske ynterieur datearret út 'e ein fan 'e 19e iuw.

De arsjitektuer is ûngewoan foar in otterdokse tsjerke en ferieniget eleminten fan in Romeinske basilyk mei in typysk Byzantynske tsjerke. De Transfiguraasjekatedraal is trijeskippich mei trije apsiden en fiif koepels. Oan wjerskanten fan de foargevel steane tuorren.

De Transfiguraasjekatedraal stiet sûnt 1989 op de nominaasjelist fan it wrâlderfgoed.


Boarnen, noaten en referinsjes

[boarne bewurkje]
Boarnen, noaten en/as referinsjes:

Dizze side is alhiel of foar in part in oersetting fan de Ingelsktalige Wikipedyside; sjoch foar de bewurkingsskiednis: en:Transfiguration Cathedral, Chernihiv