Toprak Yalçiner
Toprak Yalçiner | ||
akteur | ||
persoanlike bysûnderheden | ||
echte namme | Toprak Yalçiner | |
nasjonaliteit | Nederlânsk Turksk | |
berne | 21 juny 1980 | |
berteplak | Karaman (Turkije) | |
etnisiteit | Turksk | |
jierren aktyf | 1995 – no | |
offisjele webside | ||
gjint |
Toprak Yalçiner (útspr.: ['toprɑk 'jɑlʧinɛr], likernôch: "toprak jaltsjinèr"; Karaman (Turkije), 21 juny 1980) is in Turksk-Nederlânsk aktrise fan etnysk Turksk komôf.
Libben en karriêre
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]Yalçiner waard yn 1980 berne yn it Turkske Karaman, mar emigrearre mei har âlden al hiel jong nei Nederlân, dêr't se opgroeide. Yn 1995 hie se in rol yn 'e koarte film Stampot Cowboy, en yn 2002 spile se yn ien ôflevering fan 'e tillefyzjesearje Hartslag. Tegearre mei Dilan Yurdakul fertolke Yalçiner sûnt 2012 de rollen fan 'e Turkske susters Baydar yn 'e soapsearje Goede Tijden, Slechte Tijden.
Yn 2013 ûntwurp Yalçiner yn gearwurking mei de organisaasje POM Amsterdam in sjaal foar it goede doel Dance4life. Dy sjaal waard yn produksje nommen en per stik ferkocht foar € 59,95. De opbringst fan dizze aksje waard brûkt foar de striid tsjin 'e geslachtssykte AIDS.
Yn july 2014 liet Yalçiner har personaazje út Goede Tijden, Slechte Tijden skriuwe om't se derfoar keas om har aktearkarriêre op it toaniel fuort te setten. Fanôf de ein fan 'e simmer stie se op 'e planken mei in rol yn 'e komeedzje De Kapsalon. Dêrnjonken die se ein 2014 mei oan twa ôfleverings fan 'e kwis De Slimste Mens. Yn 2015 wie se in kandidate yn it BNN-realityprogramma De Zeven Zeeën, mar dêr waard se yn ôflevering 5 eliminearre en einige se op it sânde plak. Yalçiner hat ek meidien oan it programma Ranking the Stars.
Keppelings om utens
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]Boarnen, noaten en/as referinsjes: |
Foar boarnen en oare literatuer, sjoch ûnder: Bronnen, noten en/of referenties, op dizze side. |