Tony Beets

Ut Wikipedy
Tony Beets
persoanlike bysûnderheden
nasjonaliteit Nederlânsk
Kanadeesk
berne 15 desimber 1959
berteplak Wijdenes (Noard-Hollân)
etnisiteit Frysk
wurkpaad
berop/amt goudsiker
jierren aktyf 1987 – no
reden
  bekendheid
docht mei oan 'e realitysearje
   Gold Rush

Tony Beets (Wijdenes, 15 desimber 1959)[1] is in Frysk-Kanadeesk goudsiker, dy't wrâldferneamd wurden is trochdat er sûnt 2011 meidocht oan 'e realitytillefyzjesearje Gold Rush, fan it Discovery Channel.

Libben[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Beets waard berne yn it Westfryske Wijdenes, mar ferhuze mei syn Fryske âlden werom nei it heitelân doe't er sân jier wie. Hja setten har nei wenjen yn Burchwert, dêr't Beets syn lettere frou Minnie (Mintsje) syn buorfamke wie. Beets waard boer, mar emigrearre yn 1984 mei de frou nei Kanada, mei de bedoeling om dêr ek te buorkjen. Doe't dat op 'e non rûn, wurke er trije jier lang mei oan 'e oanlis fan oaljepiiplinen.

Yn dy tiid krige er foar it ferstân dat der in protte jild te fertsjinjen foel mei goudsykjen, dat hy besleat om dat sels ek ris te prebearjen. Mei lok en in protte hurd wurk hat er him sûnt witten te hanthavenjen yn 'e drege en rûge Kanadeeske goudsikerswrâld. Tsjintwurdich runt er de grutte Paradise Hill-goudmyn yn 'e Yukon, deunby Dawson City. Syn frou Minnie docht de boekhâlding en trije fan syn fjouwer bern (soannen Kevin en Michael en dochter Monica) wurkje mei yn 'e myn. It fyfde bern, dochter Jasmine, dy't yn 1992 berne waard, kaam al mei 2½ moanne te ferstjerren. Neffens de webside GetNetWorth.com hat Beets in fermogen fan om ende by de K$5 miljoen[2], al sil fierwei it grutste part dêrfan grif fêstsitte yn alle swiere masinery dy't nedich is foar de eksploitaasje fan 'e myn.

Yn 2011 makken Tony Beets en syn gesin harren debút yn seizoen 2 fan 'e realitytillefyzjesearje Gold Rush, fan it Discovery Channel. Mei syn ynnimmende persoanlikheid en syn smoute praat hat Beets sûnt in grutte kliber fans wûn en is er de wrâld oer tige populêr wurden. De searje jout in (grif wat romantisearre) byld fan 'e deistige gong fan saken en swierrichheden by it sykjen nei goud yn it woeste noarden fan Kanada.

Ein novimber 2014 wie Beets eefkes werom yn Fryslân, foar famyljebesyk. Hy waard doe ynterviewd troch Omrop Fryslân, en lei út dat der by it opnimmen fan sa'n realitysearje hiel wat bard dat it publyk net te sjen kriget. Eins, sa woed er hawwe, komt men as der opnamen makke wurde de hiele dei net oan echt wurk ta. Mar oan 'e oare kant, goudsykjen is altyd in gok, dat de fêste ynkomsten dy't er foar de searje krige, befoelen him wol. Gold Rush belibbe yn 2014 syn fyfde tillefyzjeseizoen, en Beets sei te hoopjen dat it noch moai wat jierren trochgean koe.

Boarnen, noaten en referinsjes[boarne bewurkje]

Boarnen, noaten en/as referinsjes:
  1. Koarte biografy fan Tony Beets
  2. GetNetWorth.com