Tochmastate

Ut Wikipedy

Tochmastate stie noardlik fan Kollum yn de gemeente Kollumerlân, in eintsje besuden Ter Lune. Op it plak fan de state stiet no in pleats.

Tochmastate ûntstie om 1631 hinne. A.J. Andreae skreau dat foar it naderjen fan it stee fan kastiel ter Lune “treft eene landbouwerswoning door hare bijzondere bouworde, onze aandacht. Niet minder is dit het geval, als wij het huis binnentreden, waar het eikenhouten beschot en de kleine balkjes aan de zoldering ons aan vroegere dagen herinneren. Dit huis droeg voorheen den naam van Tochma-state…” Yn it begjin fan de 16e iuw wenne op in sate by Ter Luine in eigenierd laach. Yn 1549 wenne dêr Phaes Alberts, waans widdo yn 1559 noch foarkomt. Syn neisiet (pakesizzer?) Tjaerd Taeckes wennet der om 1590 hine. Dy wie troud mei Jenck, dochter fan Arent Bauckes (Idema) en Reinier Harckema dy't op Westerbuorren ûnder Westergeast wennen. Tjaerd Taeckes kocht yn 1631 in tichtbylizzende sate en liet nei alle gedachten in oansjenlik hûs sette dat Tochmastate neamd waard.

Hy ferkocht de state yn 1640 oan dr. Dirck fan Fogelsangh, sekretaris fan Frjentsjerteradiel ûnder kondysje dat de ferkeapers de state, sate en lannen “beclempt in huyringe sullen beholden”.
Fogelsangh ferkocht it goed yn 1662 oan Gajus fan Broersma, sekretaris fan Kollumerlân. Yn de akte fan oerdracht wurdt it omskreaun as in “heerlycke eigenerfde State en sate lands Tochma genaampt, gelegen op de Luyne onder de clockslach van Collum”.

De state hie frij seker it rjocht fan swannedrift, want yn 1883 wienen der op de pleats noch twa halsbannen fan swannen oanwêzich mei de tekst “M. van Scheltinga, 1682”. Dizze Martinus fan Scheltinga wie troud mei Jetscke Wisckia, dochter fan boppeneamde Gajus fan Broersma, dy't de state fan har âlden erfd hawwe sil.

Yn de tiid fan de ynfiering fan it kadaster leine om it hiem noch brede grêften. Yn 1883 lei der sudlik fan de pleats noch in heal dimpte fiver.

Bewenners
  • 1631 Tjaerd Taeckes
  • 1640 Dirck fan Fogelsangh
  • 1662 Gajus fan Broersma
  • 1682 Martinus fan Scheltinga

Boarnen, noaten en referinsjes[boarne bewurkje]

Boarnen, noaten en/as referinsjes: