Tjeerd Pasma
Tjeerd Pasma | ||
![]() | ||
persoanlike bysûnderheden | ||
bertedatum | 24 juny 1904 | |
berteplak | Rinsumageast | |
stjerdatum | 28 desimber 1944 | |
stjerplak | Ede | |
sportive ynformaasje | ||
sport | Moderne Fiifkamp | |
O.S. | Amsterdam 1928 |
Tjiepke "Tjeerd" Pasma (Rinsumageast, 25 juny 1904 – Ede, 28 desimber 1944) is in eardere Frysk moderne fiifkamper.
Pasma die yn 1928 mei oan de Olympyske Simmerspullen yn Amsterdam.
Pasma wie wachtmaster 1e klasse by de maresjesee doe't er yn 1928 mei die oan de Olympyske Simmerspullen. Dat wie bysûnder omdat dielname yn dy tiid allinne foarbehâlden wie oan offisieren. Mar omdat Pasma in goed sporter wie yn de jierren '20, en twa kear Nederlânsk Kampioen Heechljeppen wurden wie, mocht er dochs meidwaan.
By de Spullen waard er 35ste by it ûnderdiel sjitten, 13 by it swimmen, 34ste by it skermjen, 5de by it fjildrinnen en 24ste by it springen. Mei dy risseltaten einige er yn it klassemint op it 24ste plak.
Yn 1940 waard er earfol út it leger ûntslein. Fjouwer jier letter kaam Pasma as boarger om it libben yn Ede, troch in Dútske V1-bom dy't te betiid ta ûntploffing kaam.
Boarnen, noaten en/as referinsjes: |
- Frysk moderne-fiifkamper
- Frysk heechljepper
- Frysk Olympysk dielnimmer
- Frysk soldaat
- Nederlânsk moderne-fiifkamper
- Nederlânsk heechljepper
- Nederlânsk Olympysk dielnimmer
- Nederlânsk soldaat
- Persoan dy't omkommen is by in bomûntploffing
- Nederlânsk persoan fan Frysk komôf
- Persoan berne yn Rinsumageast
- Persoan berne yn 1904
- Persoan stoarn yn 1944