Titus Marius ten Berge
Appearance
Titus Marius ten Berge (Nijensleek, 26 juny 1866 - Voorburg, 5 desimber 1949) wie in Nederlânsk politikus.
Ten Berge wie de soan fan lânbouwer Pieter ten Berge en Jantje Hofman. Hy wie fan 1887 - 1890 amtner op de sekretary yn Dantumadiel. Hy waard yn 1890 gemeenteûntfanger en yn 1898 folge hy Rintje Jans Visser op as boargemaster fan Warkum. Ten Berge wie dêrneist direkteur fan in bûterfabryk en konsul fan de ANWB. Fan 1915 - 1931 wie er boargemaster fan Frjentsjerteradiel. Hy ferhuze nei syn pensjonearring nei Súd-Hollân. Hy ferstoar op 83-jierrige leeftiid.