Springe nei ynhâld

Tipeltange

Ut Wikipedy

In tipeltange is in meganyske puzel. Om in soarte tankje sitte rinkjes fan (koper)trie, dy't der allinnich nei bysûnder oerlis (tipelje), ôfhelle wurde kinne. Dêrnei moasten de ringen der krektsa wer omhinne dien wurde. It komt benammen oan op fingerfluggens, in tipelsinnich wurkje dus. Der bestean meardere soarten tipeltangen. De beukerskoalle fan Seisbierrum hiet De Tipeltange.

Tipeltange

De oplossing, skiednis en komôf fan in tipeltange steane yn it boek 'Puzzels uit de hele wereld'. Om de meleda, sa't de puzel offisjeel hjit mei sân ringen op te lossen binne 64 hannelingen nedich, dy't allegear yn in spesifike folchoarder útfierd wurde moatte. Der besteane lykwols ek tipeltangen mei mear/minder as sân ringen.

Yn Sina hjit de tipeltange fanâlds de Ryou-Kaik-Tiyo ofwol 'foarwerp dat de gast bliuwen docht'. It is nei alle gedachten ien fan de âldste meganyske puzels, nei alle gedachten út Sina wei. De meleda wurdt ek wol 'Sineeske Ringen' neamd. Neffens de Sineeske leginde waard er útfûn troch de militêre held Hung Ming, dy't libbe fan 181 - 234 en dy't de puzel oan syn frou joech doe't er nei it front moast. Hja wie der sa yn ferdjippe om de oplossing te finen dat hja fergeat te treurjen oer de ôfwêzichheid fan har man.
Yn Europa ferskynde de Meleda midden 16e iuw. Hy waard troch de wiskundige Cardano beskreaun. Om 1700 krige de puzel yn in grut oantal Europeeske lannen bekendheid. Yn Noarwegen waard in stielen útfiering fan de Meleda wol as kofferslot brûkt ûnder de namme 'izeren hoekhâlder'.

Boarnen, noaten en referinsjes

[boarne bewurkje]
Boarnen, noaten en/as referinsjes:
  • Pieter van Delft en Jack Botermans - Puzzels uit de hele wereld ( Spectrum Hobby 1978 side 100-102 )
  • Pieter van Delft en Jack Botermans - Spelen met puzzels ( De Bezige Bij, 1978 side 100-102 )
  • Brouwer, J.H., en oaren (red.), Encyclopedie van Friesland, Amsterdam: Elsevier 1958, Tipeltange.