Springe nei ynhâld

Tine de Vries (reedrydster)

Ut Wikipedy
Tine de Vries (reedrydster)
Reedrider
persoanlike bysûnderheden
echte namme Tine van der Weide-de Vries
nasjonaliteit flagge fan Nederlân Nederlânsk
bertedatum 12 febrewaris 1931
berteplak Koartsweagen
stjerdatum 1 july 2014
stjerplak Aldeberkeap
etnisiteit Frysk
sportive ynformaasje
ûnderdiel Koartebaanriden

</noinclude> Tine van der Weide-de Vries (Koartsweagen, 12 febrewaris 1931Aldeberkeap, 1 july 2014) wie in Frysk sporter dy bekend waard as reedrydster.

Se wûn as hurdrydster in protte wedstriden op de koartebaan. Se wie 15 jier doe't se op 6 febrewaris 1947 yn Aldeboarn famkeskampioene werd. Op 29 jannewaris 1954 waard hja yn Huzum kampioene fan Fryslân[1][2] en op 26 febrewaris 1955 waard se yn Ljouwert kampioene fan Nederlân.[3] It slagge Atje Keulen-Deelstra nea om fan har te winnen.

Neist reedriden die De Vries oan atletyk en kuorbal, by de ferienings ODK út Koartsweagen en Lintjo út Aldeberkeap.[4] Fan beide ferienings wie hja mei-oprjochtster.

Boarnen, noaten en referinsjes

[boarne bewurkje]
Boarnen, noaten en/as referinsjes:
  1. Prov. kampioenschappen op de schaats, Utrechts Nieuwsblad, 30 jannewaris 1954 s. 15
  2. Vellinga, J. Hommage aan de vrouwen van de kortebaan Friesch Dagblad, 19 oktober 2010
  3. NK Kortebaan Vrouwen senioren Schaatsen.nl
  4. Oud-schaatskampioene Tine de Vries overleden in Oldeberkoop De Woudklank, 4 july 2014