Springe nei ynhâld

Timeblaujurkje

Ut Wikipedy
timeblaujurkje
taksonomy
ryk dieren (Animalia)
stamme lidpoatigen (Arthropoda)
klasse ynsekten (Insecta)
skift flinters (Lepidoptera)
famylje reachwjukflinters (Lycaenidae)
skaai grutte blaujurkjes (Phengaris)
soarte
Phengaris arion
Linnaeus, 1758
IUCN-status: gefoelich
ferspriedingsgebiet

It timeblaujurkje (Phengaris arion, foarh. Maculinea arion) is in flintersoarte yn it skaai fan de grutte blaujurkjes (Phengaris).

De flinter hâldt fan drûge iepen sinnige greiden. Eartiids wie de flinter foaral te finen yn Gelderlân en Limburch. Op dit momint is de flinter ferdwûn. Yn súdlik Ingelân is de flinter fannijs útsetten. Dizze populaasje docht it goed.

De flinter fljocht fan ein juny ôf oant midden augustus. Fljocht altyd yn 1 generaasje.

De wjuklingte is likernôch 20 mm. De boppekant fan de wjukken is glânzjend blau. De swarte plakken op de wjukken binne grut. By de wyfkes binne de plakken grutter. De ûnderkanten fan de wjukken binne griis.

De folwoeksen rûp fret him yn it nêst fan de sânstekeamel (Myrmica sabuleti) en oerwinteret dêr ek. De rûp fret dan eamellarven.

De rûp fret earst time en letter eamellarven.