Springe nei ynhâld

Teleskoop

Ut Wikipedy
(Trochferwiisd fan Tilleskopen)
In Maksutov-spegelteleskoop (diameter 105 mm).
Dizze side giet oer it optyske ynstrumint teleskoop. Foar oare betsjuttings, sjoch: teleskoop (betsjuttingsside).

In teleskoop of tilleskoop is (lykas ek in fierrekiker) in optysk ynstrumint dêr't fiere foarwerpen fergrutte mei waarnomd wurde kinne. De namme komt fan it Grykske τῆλε, téle: "fier"; en σκοπεῖν skopéin, "sjen", dus letterlik "fiersjogger".

In teleskoop bestiet út teminsten 2 linzen, it objektyf en it okulêr, of út ferskate groepen fan twa sokke linzen. In oare namme foar in teleskoop mei twa linzestelsels is refraktor, om't ljochtstrielen manipulearre wurde troch brekking (refraksje). In lytse útfiering fan in refraktor is de fierrekiker. Gruttere astronomyske teleskopen hawwe as objektyf meastal in spegel, en wurde dêrom ornaris spegelteleskopen neamd. Dêrnjonken sprekt men foar in teleskoop fan dat soarte ek wol fan in reflektor, om't ljochtstrielen manipulearre wurde troch refleksje (wjerspegeling).

In teleskoop dy't út twa positive linzen bestiet, keart it byld om. Om in oereinsteand byld te krijen, binne ekstra optyske helpmiddels nedich, lykas omkearprisma's. Dy binne foar astronomyske tapassings lykwols net needsaaklik. Se wurde benammen yn fierrekikers brûkt; de namme 'prismakiker', dy't ek wol foar in fierrekiker brûkt wurdt, is oan sokke omkearprisma's ûntliend.

De Hookerteleskoop (mei in diameter fan 2.54 m) yn it Mount Wilson Observatoarium by Los Angeles.

De saneamde 'Hollânske kiker' hat in negative lins as okulêr en jout in rjochtopsteand byld. De byldkwaliteit en maksimale fergrutting binne dêrby lykwols minder as mei in posityf okulêr. De âlderwetske 'teleskopyske' útskokikers binne faak fan dit type; de term 'teleskopysk” yn 'e betsjutting fan "útskober" komt dêrfan. Lytse fierrekikers, de saneamde toanielkikers, binne faak Hollânske kikers.

De ierst bekende teleskoop wie de refraktorteleskoop dy't yn 1608 yn Hollân makke waard troch Hans Lippershey en Zacharias Janssen fan Middelburch en Jacob Metius fan Alkmar. Yn juny 1609 hearde de ferneamde Italjaanske astronoom Galileo Galilei fan 'e Hollânske teleskoop, en binnen in moanne boude er doe ien foar himsels. It jiers dêrop ferbettere er it ûntwerp en sette er as earste útein mei it gebrûk fan 'e teleskoop foar it dwaan fan astronomyske observaasjes.

De namme 'teleskoop', foar Galilei's ynstrumint, waard yn 1611 ûnder in feestmiel yn Rome betocht troch de wiskundige Giovanni Demisiani. De earste reflektorteleskoop waard yn 1668 makke troch de Ingelske wittenskipper Isaac Newton. Yn 'e tweintichste iuw waarden oanhâldend nije en bettere types teleskopen útfûn, wêrûnder de radioteleskoop yn 'e 1930-er jierren en de ynfrareadteleskoop yn 'e 1960-er jierren.

Keppelings om utens

[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Boarnen, noaten en referinsjes

[boarne bewurkje]
Boarnen, noaten en/as referinsjes:

Foar boarnen en oare literatuer, sjoch ûnder: References en Sources, op dizze side.