Springe nei ynhâld

Til Gardeniers-Berendsen

Ut Wikipedy
Til Gardeniers (1982)

Mathilde Hubertine Maria Francisca (Til) Gardeniers-Berendsen (Rotterdam, 18 febrewaris 1925 - De Haach, 22 oktober 2019) wie in Nederlânsk politika en earder minister.

Til Gardeniers kaam yn 1971 yn de Twadde Keamer foar de Katolike Folkspartij (KVP). Yn 1977 waard hja minister foar Kultuer, Rekreaasje en Maatskiplik Wurk yn it Kabinet-Van Agt I. Yn 1981 waard hja minister fan Folkssûnens en Miljeuhygiëne yn it twadde en tredde kabinet-Van Agt. As minister hat se fral dwaande west mei it omropbelied en de foarming fan de RIAGGs en de Wet foarsjennings hendikepten (WVG).

Yn 1994 wie se foarsitter fan de 'kommissy-Gardeniers', dy't it dramatyske ferlies fan it CDA ûnder listlûker Elco Brinkman ûndersykje moast.

Keppeling om utens

[bewurkje seksje | boarne bewurkje]