Tietje Spannenburg-Pagels
Tietje Spannenburg-Pagels | ||
Reedrider | ||
Tietje Spannenburg-Pagels | ||
persoanlike bysûnderheden | ||
nasjonaliteit | Nederlânsk | |
bertedatum | 2 juny 1906 | |
berteplak | Hallum | |
stjerdatum | ? | |
stjerplak | ? | |
etnisiteit | Frysk | |
sportive ynformaasje | ||
ûnderdiel | Koartebaanriden |
</noinclude> Tietje Spannenburg-Pagels (Hallum, 2 juny 1906) wie in Fryske koartebaanrydster. Se waard berne yn Hallum en wenne letter yn Wommels.
Tusken 1917 en 1933 wûn se yn totaal 56 prizen. Njonken jildprizen en twa medaljes wûn se ek in leppel, in horloazje en in skilderij.
De earste priis dy't se wûn wie doe't se alve jier âld wie, en se waard twadde yn in jonges- en famkeskonkoers yn Drylts op 12 febrewaris 1917. Har partner yn dit konkoers wie E. de Groot, ek út Wommels. Har lêste priis wûn se yn Marrum op 30 jannewaris 1933, de lêste wedstriid fan de winter fan 1932 -33 om 't it teiwaar wie. De measte wedstriden ried se tegearre mei Jouke de Groot fan Jorwert. Doe't er siik wie, ried se yn desimber inkelde wedstriden mei O. Bijlsma fan Earnewâld.
D. Volbeda skreau in gedicht yn it Frysk oer Pagels en Jouke de Groot.
Har broer Romke wie ek koartebaanrider. Hy wûn yn 1926 in wedstriid fan 14 -15 jier op It Hearrenfean. Hy ried de 100 meter yn 11,6 sekonden en wûn in gouden horloazje.
Prestaasjes
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]- Sjoch it Ingelsktalige artikel