Tichvin

Ut Wikipedy
Tichvin
Гуляя по территории.jpg Untsliepeniskleaster fan Tichvin
Flagge Wapen
Flag of Tikhvin (Leningrad oblast).png Tikhvin COA (Novgorod Governorate) (1773).png
Sifers
Ynwennertal 56.716 (2022)
Oerflak 25,4 km²
Befolkingstichtens 2232,91 ynw. / km²
Hichte 50 m (sintrum)
Polityk
Lân Flag of Russia.svg Ruslân
Oblast Flag of Leningrad Oblast.svg Leningrad
Oar
Stifting 1383 stêd sûnt 1773
Tiidsône (UTC+3)
Koördinaten 59° 38' N 33° 32' E
Webside tikhvin.org

Tichvin (Russysk: Тихвин) is in stêd yn de oblast Leningrad, Ruslân. De stêd leit oan de rivier de Tichvinka, likernôch 215 kilometer eastlik fan Sint-Petersburch.

Skiednis[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Tichvin waard yn 1383 foar it earst neamd en besit sûnt 1773 stedsrjochten.

De stêd is bekend as it berteplak fan de yn 1844 berne komponist Nikolaj Andrejevitsj Rimski-Korsakov. Ek hat de stêd foar de otterdokse mienskip betsjutting fanwegen de ikoan fan de Mem Gods fan Tichvin. Neffens de oerlevering waard de ikoan noch yn de tiid fan de Jongfaam Marije troch de evangelist Lukas skildere.

Yn de Twadde Wrâldkriich waard de stêd yn novimber 1941 troch de Dútske Legergroep Noard oermastsere. De Dútsers moasten de stêd lykwols al wer nei in moanne opjaan om't it bliken die dat it Sovjetyske ferset te sterk wie. Tichvin markearre de fierste opmars foar de Legergroep Noard yn it hiele ferrin fan de kriich.

Befolkingsûntwikkeling[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Demografyske ûntwikkeling
Jier 1897 1926 1939 1959 1970 1979 1989 2002 2010 2018 2022
befolking 6.589 10.269 16.199 18.412 33.971 58.616 71.352 63.338 58.459 58.136 56.716

Berne[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

  • Nikolaj Rimski-Korsakov (1844-1908), komponist
  • Natalja Sorokina (1982- ); biatleet

Sjoch ek[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Boarnen, noaten en referinsjes[boarne bewurkje]

Boarnen, noaten en/as referinsjes:

Dizze side is alhiel of foar in part in oersetting fan de Dútsktalige Wikipedyside; sjoch foar de bewurkingsskiednis: de:Tichwin