Untsliepeniskleaster fan Tichvin

Ut Wikipedy
Untsliepeniskleaster

Санаксарский монастырь

Lokaasje
lân flagge fan Ruslân Ruslân
oblast Leningrad
plak Tichvin
koördinaten 59° 39' N 33° 31' E
Ynformaasje bou
boujier Sûnt de 16e iuw
monumintale status Kultureel monumint fan federaal belang
monumintnûmer 4710153000
Webside
tihvinskii-monastyr.ru
Kaart
Untsliepeniskleaster fan Tichvin (Ruslân)
Untsliepeniskleaster fan Tichvin

It Tichvin-Untsliepeniskleaster (Russysk: Тихвинский Богородичный Успенский монастырь; Tichvin-Uspenskikleaster of Kleaster fan Marije Himmelfeart fan Tichvin) is in russysk-otterdoksk kleaster yn de Russyske stêd Tichvin.

Skiednis[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

It ûntstean fan it kleaster is ferbûn oan in ikoan fan de Mem Gods, dat ôfkomstich is út de Blachernaetsjerke yn Konstantinopel en op in wûndere wize by it Ladogamar fûn waard. De bewenners dêr bouden in tsjerke foar it ikoan en yn 1560 waard yn opdracht fan Ivan de Ferskriklike op 10 febrewaris 1560 troch de aartsbiskop fan Novgorod op it plak in kleaster stifte. It Sweedske leger ûnder lieding fan Jakob De la Gardie omsingele it kleaster yn 1613, mar prins Semjon Vasiljevitsj Prozorovski wist by de ferdigening meardere oanfallen te kearen oant der fersterkings kamen om de belegering op te heffen. Oan it ikoan waarden in soad mirakels taskreaun en it ein fan de Sweedske belegering wie dêr ien fan.

It Ikoan fan de Mem Gods fan Tichvin

Yn de jierren 1920 waarden de tsjerken fan it kleaster oerdroegen oan de Libbene Tsjerke, de tsjerke dy't oan de liedbân fan de bolsjewistyske steat rûn. Mei it slimmer wurden fan de ferfolging waard it kleaster yn de jierren 1930 hielendal sletten en ferdwûn it Tichvin-ikoan nei it lokale museum om dêr útstald te wurden.

Dútske troepen besetten yn de Twadde Wrâldkriich de stêd Tichvin foar in koarte tiid, mar doe't se harren werom lûke moasten, namen hja it ikoan mei nei Pskov, dêr't hja it oerdroegen oan de Otterdokse Tsjerke. Mei it fierder werom lûken fan de Dútske troepen namen hja it ikoan wer mei nei Riga en Libau. Fanút Libau soe it ikoan mei in skip fierder reizgje nei Dútslân, mar it bleau efter en it kaam yn de hannen fan John Garklav (1898-1982), it haad fan de Otterdokse Tsjerke fan Letlân, dy't mei oare geastliken en syn adoptearre soan Sergius nei it Westen woene. Hja namen it ikoan mei nei it troch de Amerikanen besette diel fan Dútslân en lang om let kaam it yn de Amerikaanske yn Chicago telâne, dêr't John Garklays biskop van de Otterdokse Tsjerke fan it bisdom Chicago en Minneapolis waard. Doe't John Garklavs op syn stjerbêd lei liet er yn syn testamint fêstlizze dat it ikoan allinnich werom nei Ruslân mocht as foldien wie oan de eask fan it weroplibjen fan it kleaster yn Tichvin.[1]

Yn 1945, doe't de steat nei in swiere ferfolging in wat minder ûnderdrukkende hâlding foar de Otterdokse Tsjerke oer oannaam, waard de Tichvin-tsjerke, boud yn de westlike toer fan de ommuorring neffens in plan fan Nikolaj Leontjewitsj Benois, oan de otterdokske mienskip werom jûn om dêr earetsjinsten te fieren. Mear as fjirtich jier bleau it de iennige iepen tsjerke fan Tichvin en omkriten. De rest fan it kompleks waard tawiisd oan it stedsmuseum fan Tichvin.

Nei de fal fan it kommunistsyke rezjym waard it kleaster op fersyk fan de ynwenners fan Tichvin yn 1995 wer oerdroegen oan de Russysk-Otterdokse Tsjerke. It ikoan kaam yn 2003 werom yn Ruslân en is sûnt 2004 werom op it âlde plak.

Tsjerken [2][bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Untsliepeniskatedraal (1507-1515)[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Yn de tusken 1507 en 1515 yn opdracht fan Vasili III boude katedraal wurdt it wûnderdiedige ikoan bewarre. De galerijen mei trije hoekkapellen waarden yn de jierren 1668-1670 tafoege. De katedraal waard yn 1936 sletten en yn 1997 op 'e nij iepene foar de earetsjinst.

Foarbeatsjerke (1581-1583)[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

De Foarbeatsjerke is in tsjerke mei de refter. It dak wurdt foarme troch kokosjniks en ien koepel. Oan it alter grinzget de klokketoer mei fiif spitsen. De yn 1920 sletten tsjerke rekke yn 1941 by gefjochten foar in part skansearre. Yn de jierren 1960-1970 waarden de tsjerke en de klokketoer yn de foarmen fan de 16e iuw restaurearre. Yn 1999 is it gebou wer iepene foar de earetsjinst.

Krúsferheffingstsjerke (1871-1876)[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Oarspronklik tusken 1699-1702 boude tsjerke, mar yn 1871-1876 yn eklektyske styl ferboud.

Tsjerke fan it Ikoan fan de Mem Gods fan Tichvin[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Tsjerke yn de westlike toer fan de kleastermuorre. Fan ôf 1791 as tsjerke ynwijd. Yn de jierren 1860-1865 waard de westlike galerij yn pseudo-Russyske styl tafoege. De tsjerke waard yn 1937 sletten en yn 1945 werom jûn oan de leauwenden.

Poartetsjerke[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

De twakoepelige Poartetsjerke is in tsjerke boppe de poarte mei twa trochgongen. De bou waard yn de jierren 1591-1593 mooglik makke troch tsaar Fjodor I. De Poartetsjerke waard nei in brân yn 1623 letter wer hersteld. De yn 1920 sletten tsjerke waard yn 2004 restaurearre en foar in part yn de oarspronklike steat werom brocht.

Boarnen, noaten en referinsjes[boarne bewurkje]

Boarnen, noaten en/as referinsjes:

Dizze side is alhiel of foar in part in oersetting fan de Russysktalige Wikipedyside; sjoch foar de bewurkingsskiednis: ru:Тихвинский Богородичный Успенский монастырь

  1. All Was Not Lost: Journey of a Russian Immigrant from Riga to Chicagoland - Anatoly Bezkorovainy
  2. Temples.ru