Springe nei ynhâld

Finzenis

Ut Wikipedy
(Trochferwiisd fan Tichthûs (finzenis))

In finzenis, tichthûs of penitinsjêre ynrjochting is in gebou om finzenen yn op te sluten, yn bewarring te stellen of yn 'e hechten te nimmen. Yn 'e folksmûle hat de finzenis in protte bynammen, lykas: baaies (net folle brûkt), bak, doaze, hûnegat, kasjot en kast. Ek de hollanismen gefangenis en it gefang en fierders de Nederlânsktalige bynammen bajes, nor, lik en bak komme wol foar. Finzenisstraf krije, hjit gauris fan "sitte" of "bromme".

De eilânfinzenis fan Alcatraz, yn 'e haven fan it Amerikaanske San Fransisko.

It wichtichste doel fan finzenissen is it befeiligjen fan 'e maatskippij tsjin gefaarlike yndividuën. As twadde doel wurdt yn finzenissen besocht it weromkearen fan finzenen yn 'e maatskippij ta te rieden troch ûnderrjocht, wurkûnderfining en/of terapy. Libbenslang straften binne dêr oer it algemien fan útsletten, al bliuwe ek sy net echt oant har dea yn 'e sel, mar inkeld oant men har net gefaarlik mear achtet. By harren leit sadwaande it aksint op 'e kwaliteit fan libjen binnen stelde beheinings. Finzenissen drage ek by oan it gefoel fan rjocht en foldwaning yn 'e maatskippij.

Finzenissen binne goed befeilige om ûntsnappings foar te kommen. Dêrfoar wurde ferskate maatregels nommen, inkelde dêrfan binne:

  • stekken of muorren om it gebou hinne;
  • grêften om it gebou hinne;
  • kameratafersjoch;
  • traaljes of ekstra tsjok glês mei elektroanyske befeiliging foar de ruten;
  • de doarren fan 'e sellen op 't slot;
  • sipiers dy't op en ôf rinne by de sellen lâns;
  • mooglik goede nachtferljochting.

Fryslân hat trije finzenissen hân, yn Ljouwert, op it Hearrenfean en yn Snits. Dy fan Ljouwert, it tichthûs (1598-1837) stie doe oant bûten de lânsgrinzen as tige modern bekend, en wie yn 'e Frânske Tiid ien fan 'e grutste sintrale finzenissen yn Nederlân. Nei de earste nasjonale organisaasje fan it finzeniswêzen, yn 1821, waarden Ljouwert en Den Bos sintrale finzenissen foar feroardiele detinearden, Ljouwert foar Noard-Nederlân, en Den Bos foar Súd-Nederlân. De Ljouwerter finzenis is ferskate kearen útwreide en ferbettere, en krige yn 'e fyftiger jierren fan 'e tweintichste iuw de namme fan bysûndere straffinzenis. It hûs fan bewar, dat fan 1823 oant 1889 yn 'e Kânselarij húsfêste wie, kaam dêrnei op it terrein fan 'e finzenis (mei in brêge oer de Keizersgrêft by de Easterkaai). Yn 1989 waard de nije lokaasje De Marwei iepene, dêr't 282 finzenen burgen wurde kinne. Yn 2013 liket it derop dat de finzenis fanwegen besunigings by de ryksoerheid ticht moat. De finzenis (hûs fan arrest) yn Snits hat fan 1842 oant 1922 bestien, en dy yn Crackstate, op it Hearrenfean fan 1833 oant 1923. Crackstate wie teffens yn gebrûk ûnder de Dútske besetting, yn 'e Twadde Wrâldoarloch, doe't it op in minne namme lei, om't net folle finzenen der wer libben út kamen.

Finzenisstraf waard yn Fryslân foar it earst oplein yn de 17e iuw en dan noch sporadysk, om't men him yn dy tiid mei liifstraffen rêde. It stedske wurkhûs yn Ljouwert (1598) wie dan ek mear ûnderkommen foar bidlers en omrinders as straffinzenis. Ek neidat de provinsje yn 1608 dizze finzenis oernomd hie, bleau it oplizzen fan finzenisstraf oant nei 1700 útsûndering. Finzenisstraf is no nei boete de meast opleine straf.