Springe nei ynhâld

Tibetaansk readsturtsje

Ut Wikipedy
Tibetaansk readsturtsje

mantsje
taksonomy
ryk dieren (Animalia)
stamme rêchstringdieren (Chordata)
klasse fûgels (Aves)
skift moskeftigen (Passeriformes)
famylje miggesnappers (Muscicapidae)
skaai readsturtsjes (Phoenicurus)
soarte
Phoenicurus hodgsoni
Moore, 1854
IUCN-status: net bedrige

It Tibetaansk readsturtsje of it fjildreadsturtsje (Phoenicurus hodgsoni) is in sjongfûgel út de famylje Muscicapidae.

De soarte komt fan 'e Himalaya oant sintraal Sina foar. It fûgeltje is thús yn ferskillende berchlânskippen lykas heuvellân en heechflaktes mei wat bosk, gerslân en strewellen. De fûgel briedt ek yn heechlizzende dellings, faak by rivieren en beken. Fjildreadsturtsjes libje meast op hichten tusken 2400 en 3600 m en út en troch oant 4300 m.

It Tibetaanske readsturtsje hat in grut ferspriedingsgebiet en der wurdt oannommen dat de oantallen stabyl binne. Dêrfandinne wurdt de fûgel troch IUCN op 'e Reade list as net bedrige klassifisearre.

Boarnen, noaten en referinsjes

[boarne bewurkje]
Boarnen, noaten en/as referinsjes: