Thomas Cawton

Ut Wikipedy

Thomas Cawton, de âldere (1605-1659) wie in Ingelske geastlike mei presbyteriaanske en royalistyske ynsichten. Nei it útkommen fan it komplot fan Christopher Love, flechte er nei Nederlân.

Libben[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Hy waard yn 1605 berne yn Rainham yn Norfolk (Ingelân). Troch Sir Roger Townshend waard er nei it Queens College yn Cambridge stjoerd. Nei't er 7 jier yn Cambridge], studearre er yn it hûs fan Herbert Palmer, predikant fan Ashwell. teology. Hjirnei wie er fjower jier lang hûskapelaan foar Sir William Airmine fan Orton, en yn 1637 waard er fan Sir Roger Townshend yn de predikantsplak fan Wivenhoe yn Esseks, dêr't er syn gemienteleden oantrúnde om gjin fisk op snein te ferkeapje.

Hy troude mei Elizabeth, de dochter fan William Jenkin, in predikant fan Sudbury yn Suffolk, en suster fan William Jenkin, dy't yn 1663 ôfset waard. Sân jier letter waard er predikant fan de St Bartholomew-by-the-Exchange yn Londen. Hy die mei oan de ferklearring fan de predikanten fan Londen tsjin útfiering fan it fûnnis fan kening Karel en hâlde op 25 febrewaris 1649 in preek yn oanwêzigens fan de boargemaster en rie, dêr't er in gebet die foar de keninklike femylje en Karel II. Hy waard foar de Ingelske Steatsrie brocht en om't er net wêrroppe woe, waard er nei de Finzenis yn it Poartegebou stjoerd. Op 14 augustus 1649 waard er mei oare finzenen frijlitten as tankbewiis foar de oerwinning fan Michael Jones yn de slach fan Rathmines. Hy waard mei syn sweager William Jenkin der foar oansjoen yn it komplot fan Christopher Love, dy't derfoar eksekutearre waard op 22 augustus 1651, te sitten en flechtte nei Hollân, dêr't er as pastor fan de Ingelske tsjerke yn Rotterdam keazen waard.

Dêr kaam er yn de kunde mei gelearden en sette him bot yn op foar de Lexicon Heptaglotton fan Edmund Castell en de meartalige Bibel fan Brian Walton. Yn 1658 krige er in brief fan Karel II, dêr't dy him yn frege oan him by de Nederlânske predikanten te ferdigenjen. Cawton stoar op 7 augustus 1659 yn Rotterdam. Syn soan Thomas Cawton de jonger waard bekind as in orientalilst.