Springe nei ynhâld

Thierry Boutsen

Ut Wikipedy
Thierry Boutsen
Formule 1
Thierry Boutsen (1993)
Thierry Boutsen (1993)
persoanlike bysûnderheden
echte nammeThierry Marc Boutsen
nasjonaliteit Belgysk
bertedatum13 july 1957
berteplakBrussel
Formule 1 karriêre
jieren aktyf1983-1993
TeamsArrows (1983-1987)
Benneton (1987-1988)
Williams (1989-1990)
Ligier (1991-1992)
Jordan (1993) 
Tal races164 (163 starts)
Oerwinningen3
Tal poadia15
tal Polepositions1

Thierry Marc Boutsen (Brussel, 13 july 1957) is in earder Belgysk Formule 1-koereur. Boutsen makke by de Grutte Priis fan Belgje yn 1983 syn debút foar it team fan Arrows. Boutsen hat trije kear in Grutte Priis wûn en fyftjin kear op it poadium stien by in Grutte Priis. De Grutte Priis fan Belgje yn 1993 wie de lêste Formule 1-wedstriid fan Boutsen.
Behalven yn de Formule 1 kaam hy ek mear as ien kear út yn úthâldingswedstriden lykas de 24 oeren fan Le Mans, ûnder oare foar Porsche en Toyota. It wie nei oanlieding fan in swier ûngelok yn dy lêste wedstriid, dat er in punt sette efter syn karriêre. Noch yn syn wedstriidjierren helle er syn fleanbrevet en kocht er in priveefleantúch. Fan dy nije passy makke er neitiid syn berop troch yn syn wenplak Monako in bedriuw yn de fleantúchferkeap te begjinnen.[1]

Oersjoch Formule 1-karriêre

[bewurkje seksje | boarne bewurkje]
1983 1984 1985 1986 1987 1988 1989 1990 1991 1992 1993 Totaal
Oantal races1016161616161616161610164 (163 starts)
Oantal oerwinningen000000210003
Oantal pole-posysjes000000010001
Oantal fluchste omgongen000000010001
Oantal Poadiumplakken0010155300015
Oantal WK-punten0511016273734020132
Einstân WK-1511-8456-14-
Boarnen, noaten en/as referinsjes: