The Future
Appearance
The Future | |||||||
algemiene ynformaasje | |||||||
artyst | Leonard Cohen | ||||||
taal | Ingelsk | ||||||
sjenre | Folk, Rock | ||||||
útbrocht | 24 novimber 1992 | ||||||
opnommen | jannewaris - juny 1992 | ||||||
doer | 59:37 | ||||||
label | Columbia | ||||||
produsint | Leonard Cohen, Steve Lindsey, Bill Ginn, Leanne Ungar, Rebecca De Mornay, Yoav Goren | ||||||
resultaten | |||||||
albumlisten | Album top 100 - 5 | ||||||
sertifisearre | Kanada 2x platina, Sweden goud, Grut-Brittanje sulver | ||||||
albumgronology fan Leonard Cohen | |||||||
|
The Future is ien fan de meast populêre albums fan Leonard Cohen. It wurdt ek wol syn film-album neamd omdat sawat alle nûmers op de iene of oare wize ferskine yn in ferskaat oan films.
It meast yn it each rinnend is it brûken fan trije nûmers yn de klassike film Natural Born Killers. Dêryn is Waiting for a Miracle it titelnûmer. Fierder binne der nûmers werom te finen yn de films Wonder Boy en The Live of David Gale.
Hoewol The Future gjin grut kommersjeel sukses wie, is it perfoarst it Cohen-album mei it grutste muzikale ferskaat. Yn syn heitelân, Kanada, hie er lykwols al kommersjeel sukses: sawol Closing Time as The Future hellen dêr de Top 40.
Spyllist
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]nû. | titel | skriuwers | doer |
---|---|---|---|
1. | The Future | Leonard Cohen | 6:41 |
2. | Waiting for the Miracle | Cohen en Sharon Robinson | 7:42 |
3. | Be for Real | Frederick Knight | 4:32 |
4. | Closing Time | Cohen | 6:00 |
5. | Anthem | Cohen | 6:09 |
6. | Democracy | Cohen | 7:13 |
7. | Light as the Breeze | Cohen | 7:14 |
8. | Always | Irving Berlin | 8:04 |
9. | Tacoma Trailer | Cohen | 5:57 |