Springe nei ynhâld

The Four Horsemen (liet)

Ut Wikipedy
The Four Horsemen
algemiene ynformaasje
artyst Metallica
album Kill 'Em All
taal Ingelsk
sjenre Metal
útbrocht 25 july 1983
opnommen 1027 maaie, 1983
doer 7:13
label Megaforce
skriuwer James Hetfield,
Lars Ulrich,
Dave Mustaine
produsint Paul Curcio

The Four Horsemen is in nûmer dat oarspronklik opnaam is troch Metallica yn maaie 1983 en útbrocht op Kill 'Em All, it debútalbum fan Metallica út 1983. The Four Horsemen wie it twadde nûmer op it album.

The Four Horsemen waard oarspronklik skreaun troch Dave Mustaine foar syn eardere band Panic titele: The Mechanix. De oarspronklike tekst gie oer seks by in benzinestasjon. In oanpaste ferzje fan syn komposysje mei de orizjinele teksten ferskynde op Megadeths debút Killing Is My Business... en Business Is Good! út 1985, ûnder de namme Mechanix. Hoewol 't Mustaine Metallica frege net ien fan syn muzyk te brûken, skreau Hetfield in tekst oer Fjouwer ruters fan de Apokalyps en heakke in brêge en gitaarsolo yn 'e midden ta, de brêge waard ynspirearre troch de haaddriff yn Lynyrd Skynyrd's Sweet Home Alabama.