Dave Mustaine

Ut Wikipedy
Springe nei navigaasje Springe nei sykjen
Dave Mustaine
Ic queue music 48px.svg sjonger en/of muzikant
Dave Mustaine yn 2010
Dave Mustaine yn 2010
persoanlike bysûnderheden
echte namme David Scott Mustaine
nasjonaliteit Flag of the United States.svg Amerikaansk
berne 13 septimber 1961
berteplak La Mesa
wurkpaad
sjenre Metal
sjongtaal Ingelsk
ynstrumint Gitaar
jierren aktyf 1978 - No

David Scott Mustaine (La Mesa, 13 septimber 1961) is in Amerikaansk sjonger en gitarist. Hy is bekend as de oprjochter fan Megadeth.

Karriêre[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Panic[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Panic wie de earste band fan Mustaine. Mar nei it twadde optreden fan band rekken hja belútsen by in auto-ûngelok sawol de drummer en in lûdsman kamen hjirby om it libben. Dit wie it ein fan Mustaine syn earste band.

Metallica (1981-1983)[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Dave Mustaine wie yn 1981 de orzjinele gitarist fan Metallica. Mustaine had mei Metallica yn 1982 de demo No Life 'til Leather opnaam. Yn 1983 reizge Metallica nei de eastkust om har debútalbum Kill 'Em All op te nimmen. Fanwegen syn ferslaving oan drugs en alkohol waard gitarist Dave Mustaine, koart nei harren oankomst by de studio's ûntslein. Mustaine is al ien fan de skriuwers fan in tal Metallica nûmers op de earste twa albums fan Metallica. Bekende nûmers op it albums fan Metallica dy't Mustaine mei-skreaun hat, binne Jump in the Fire, Phantom Lord, Metal Militia, The Four Horsemen en Ride the Lightning.

Megadeth[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

As reaksje op syn ûntslach rjochte Mustaine yn de simmer fan 1983 de band Megadeth op. Yn 1985 kaam it debútalbum Killing Is My Business... and Business Is Good! út. Mei Megadeth hat Mustaine yntusken fyftjin studioalbums en seis live-albums útbrocht.

Priveelibben[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Mustaine waard berne yn La Mesa, Kalifornje, Amearika, as de tredde yn in gesin fan trije, syn heit hie in jierrenlang drankprobleem en syn alden giene dêrtroch ek út inoar doe't Dave fjouwer jier âld wie. Ek Dave Mustaine had problemen mei ferslavingen neffens eigen sizzen had er mear as santjin kear opnaam west yn in ôfkicksintra. Mustaine boaske yn 1991 mei Pamela Anne Casselberry mei har hat er twa bêrn. Dave Mustaine waard grutbrocht as Jehova's Tsjûge, tsjintwurdich is er in oertsjoege Wederberte Kristen, dit had grutte ynfloed op syn priveelibben mar ek op syn band Megadeth.

Diskografy[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Albums[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Album Utbrocht op Band Single(s)
Killing Is My Business...
and Business Is Good!
12 juny 1985 Megadeth
Peace Sells...
but Who's Buying?
19 septimber 1986 Peace Sells,
Wake Up Dead
So Far, So Good...
So What!
19 jannewaris 1988 Anarchy in the U.K.,
Mary Jane
Rust in Peace 24 septimber 1990 Holy Wars... The Punishment Due,
Hangar 18
Countdown to Extinction 14 july 1992 Symphony of Destruction,
Foreclosure of a Dream,
Sweating Bullets,
Skin o' My Teeth
Youthanasia 31 oktober 1994 Train of Consequences,
A Tout le Monde
The Craving 23 july 1996 MD.45
Cryptic Writings 17 juny 1997 Megadeth Trust,
Almost Honest,
Use the Man,
A Secret Place
Risk 31 augustus 1999 Crush 'Em,
Breadline,
Insomnia
The World Needs a Hero 15 maaie 2001 Moto Psycho,
Dread and the Fugitive Mind
The System Has Failed 14 septimber 2004 Die Dead Enough,
Of Mice and Men,
The Scorpion
United Abominations 15 maaie 2007 À Tout le Monde (Set Me Free)
Endgame 15 septimber 2009 Head Crusher,
The Right to Go Insane
Thirteen 1 novimber 2011 Sudden Death,
Public Enemy No. 1,
Whose Life (Is It Anyways?)
Super Collider 4 juny 2013 Super Collider
Dystopia 22 jannewaris 2016 Fatal Illusion,
The Threat Is Real
The Sick, the Dying... and the Dead 2022

As gastmuzikant[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Single(s) Album Utbrocht yn Mei band
License to Kill,
Chain Gang Woman
License to Kill 1987 Malice
Truckin' Death and Progress 1993 Diamond Head
White Rabbit (Jefferson Airplane cover) Refuge Denied 1988 Sanctuary