Springe nei ynhâld

Tetralogy

Ut Wikipedy

In tetralogy, fan it Grykske τετρα-, tetra- ("fjouwer"), en -λογία, -logia ("ferhanneling" of "betooch"), is in searje fan fjouwer wurken op it mêd fan 'e skiene keunsten (benammen yn 'e literatuer, as fjouwerdielige romansearje), dy't mei-inoar ferbûn binne en sjoen wurde kinne as ien inkeld lang wurk of as fjouwer losse mar nau besibbe wurken. De term is oarspronklik ôfkomstich út it teäter fan it âlde Atene, dêr't toanielskriuwers op 'e toanielwedstryd fan it jierlikse Feest fan Dionysus altyd fjouwer besibbe wurken op ien jûn opfiere lieten: trije trageedzjes en in saterspul.

Njonken de term tetralogy wurdt foar sa'n fjouwerdielige searje ek wol de algemienere oantsjutting kwartet brûkt. De term kwadrilogy, krekt as kwartet basearre op it Latynske foarheaksel quadri- ("fjouwer") ynstee fan it Grykske tetra-, waard foar it earst optekene yn 1865, en wurdt tsjintwurdich benammen op it mêd fan films brûkt. Analooch oan in tetralogy wurdt in searje fan twa wurken wol in duology neamd, ien fan trije wurken in trilogy, ien fan fiif wurken in pentalogy, ien fan seis wurken in heksalogy en ien fan sân wurken in heptalogy.

Foarbylden fan literêre tetralogyen kinne bygelyks fûn wurde yn it wurk fan 'e ferneamde Ingelske toanielskriuwer William Shakespeare. Dy skreau twa (nammeleaze) tetralogyen, wêrfan't de earste de toanielstikken Hindrik VI, Diel 1, Hindrik VI, Diel 2, Hindrik VI, Diel 3 en Richard III omfiemet, en de twadde bestiet út 'e stikken Richard II, Hindrik IV, Diel 1, Hindrik IV, Diel 2 en Hindrik V. Foarbylden fan resinter datum binne de Sharing Knife-tetralogy fan 'e Amerikaanske skriuwster Lois McMaster Bujold (besteande út 'e romans Beguilement, Legacy, Passage en Horizon), The Aldabreshin Compass, fan Juliet E. McKenna (Southern Fire, Northern Storm, Western Shore en Eastern Tide) en de Rigante-searje fan David Gemmell (Sword in the Storm, Midnight Falcon, Ravenheart en Stormrider).

Ek yn 'e muzyk wurdt de term tetralogy wol brûkt. Sa wurdt bygelyks faak nei de operasyklus Der Ring des Nibelungen, fan 'e Dútske komponist Richard Wagner, ferwiisd as in tetralogy, besteande út 'e dielen Das Rheingold, Die Walküre, Siegfried en Götterdämmerung.

Boarnen, noaten en referinsjes

[boarne bewurkje]
Boarnen, noaten en/as referinsjes:

Foar boarnen en oare literatuer, sjoch ûnder: References, op dizze side.