Terschellinger Bieren

Ut Wikipedy

Terschellinger Bieren is in brouwerijhierder yn Baaidunen op Skylge. De bierbrouwerij waard oprjochte yn 2011 troch Jolle Dijkstra en Ria Baldee.

Skiednis[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Yn 2005 waard Jolle Dijkstra eigener fan De Stormvogel mei apparteminteferhier, bêd en brochje en in deikafee op Skylge. Hy ûndersocht er de mooglikheden fan it brouwen fan Skylger bier. Tegearre mei Peter van den Borght fan Brouwerij Wolf yn Aarschot (B) ûntwikkele Dijkstra de resepten foar de Scelling Blond en de Scelling Stout. Hy woe graach dat syn bier broud waard mei Skylger nôt en socht kontakt mei de Dorsvereniging Helpt Elkander, in groep frijwilligers dy 't de keunst fan it siedzjen, rispjen en terskjen fan nôt yn eare hâldt. Jolle wurket mei de feriening gear om mei tradisjonele metoaden nôt te bewurkjen ta broukoarn.

Terschellinger Bieren seach it libbensljocht yn 2011 doe 't eigeners Jolle Dijkstra en Ria Baldee op it idee kamen om in 'eigen bier' te servearjen op it terras fan it deikafee dat se doe noch by harren Bed & Breakfast en appartemintepleats De Stormvogel hiene. Op ambachtlike wize unike bieren brouwe is de missy fan Terschellinger Bieren. Dy ynstelling hat se al meardere ûnderskiedingen opsmiten.

Hjoed-de-dei[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Sûnt 2023 biedt VOF Terschellinger bieren gjin bierproeven mear oan. De bieren binne te bestellen fia de online-webwinkel, mar dy bieren binne ek te krijen by de Jumbo of ferskate oare (delikatesse)winkels op it eilân.

Assortimint[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

  • Scelling 4 - Weizen
  • Scelling 5 - Blond
  • Scelling 6 - Goud Blond
  • Scelling 6 - Tropical Six
  • Scelling 7 - Strong Golden Ale
  • Scelling 8 - Strong Dark Ale
  • Scelling Duindoorn Tripel
  • Scelling Cranberry Quadrupel
  • Scelling Gagel Goud
  • Scelling Tripel Favoriet
  • Scelling Schylger Stout
  • Scelling St. Laurentius Strong Scotch Ale
  • Cranberry Bier fan 4% (sil yn 2024 makke wurde)

Keppeling om utens[bewurkje seksje | boarne bewurkje]