Terras (geology)

Ut Wikipedy
Springe nei navigaasje Springe nei sykjen
Terrassen yn de Tsausbergen yn Namybje

In terras, fan it Frânske terrasse, is yn de geology in lânfoarm dy't winliken op in triem fan in treppen liket. In terras bestiet út in geomorfologyske flakke boppegrûn dy't justjes ôfrinne kin, dat in "trêd" neamd wurdt, dy't begrinzge wurdt troch oan ien kant in steilere oprinnende helling. De trêd en de oprinnende helling dy't der mank mei giet foarmje it terras. In terras kin ek bestean út in trêd dy't oan alle kanten troch in oprinnende helling begrinzge wurdt. In smel terras wurdt gauris in "bank" neamd.

Der binne ferskate foarmen fan terrassen.

Rivierterras[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

In rivierterras
1rightarrow.png De Wikipedy hat ek in side Rivierterras.

Rivierterrassen binne oerbliuwsels fan in eardere rivierflakte en waarden foarme troch snijen fan in paadtroch in rivier yn efterlitten materiaal dy't in earder rivierterras foarmen. It trochsnijen, efterlitten en eroazje fan in earder rivierterras kin it gefolch fan feroaring fan it wetterpeil fan de see, feroaring yn it pleatslike klimaat, feroaring yn de hoemannichte sedimint dy't troch it streamen fan de rivier ferfierd wurdt, feroaring yn de streaming fan de rivier, of in mjuks fan de neamde oarsaken.

Kame[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

In kame, fan it Aldskotske wurd foar "kaam", is in glasiale lânfoarm, in ûnregelmjittige heuvel dy't út sân, grind en oar materiaal dy't ophope waard yn in depresje, in delte, fan in him weromlûkende gletsjer.

Seeterras[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Seeterras yn Nij-Seelân

In seeterras wurdt foarme troch in eardere kustline fan in see of in [oseaan]]. It kin foarme wurde troch it weromlûken fan it wetter of eroazje fan materiaal dêr't de kustline út bestiet.

Marterras[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

In marterras wurdt foarme troch in eardere kustline fan in glasiaal, net-glasiaal, foarglasiaal mar. Lykas seeterrassen, kinne marterrassen foarme wurde troch weromlûkend wetter of eroazje fan materiaal dêr't de kustline út bestiet.

Struktuerterras[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Yn de geomorfology wurdt in struktuerterras foarme troch eroazje fan flakke lagen grûn. It terras ûntstiet troch eroazje fan in sêftere laach grûn fan in ûnderlizzende hurdere laach. It fuortspielen fan de boppeste sêftere laach leit de hurdere ûnderlaach bleat en sa ûntstiet in trêd fan in struktuerterras.

Travertynterras[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Travertynterrassen yn Sloveenje

In travertynterras wurdt foarme wannear't kalkhâldend wetter út in waarmwetterboarne omheech spuitet oer de oerflak en dêr't wetterfallen ûntsteane. Kalsiumkarbonaten dy't foarme wurde mei help fan algen bouwe stadichoan de trêden fan travertynterrassen op.

Sjoch ek[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Boarnen, noaten en referinsjes[boarne bewurkje]

Boarnen, noaten en/as referinsjes:

Foar boarnen en oare literatuer, sjoch References op dizze side.