Teravada
It Teravada (Paly, letterlik 'Tradysje fan de Aldsten') is de tradysje dy't de oarspronklike boedistyske lear en konvinsjes folget. Soms wurdt it Teravada ek it 'Boedisme fan it Suden' neamd, omdat it fanút Yndia nei it suden (Sry Lanka) ferspriede. It Teravada wurdt benammen oanhongen yn Sry Lanka, Myanmar, Tailân, Kambodja en Laos. Ek yn Yndoneezje en Chittagong (East-Bengalen) wurdt it Teravada sûnt lange tid praktisearre, mar dêr is it in minderheidsbeweging. Tsjintwurdich ferspriedet it Teravada him ek mear en mear yn de Westerske lannen.
Skiednis
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]De skiednis fan it Teravada giet werom op de Sanga (de mienskip fan boedistyske mûntsen) yn de tiid fan de Boeddha. Nei it Parinibbana (ferstjerren) fan de Boeda ûntstienen der troch splitsingen yn de Sanga achttjin ferskillende skoallen; de iere boedistyske skoallen. It Teravada wie de haadstreaming, dêr't de oare skoallen út fuortkamen troch ôfsplitsingen. It Teravada is de ienige fan dizze iere boedistyske skoallen dy't noch altiten bestiet.
It Teravada stie soms ek bekend ûnder de nammen Staviravāda en Vibajyavāda. 'Sthavira' is Sanskryt foar it Paly-wurd 'Thera', en waard brûkt yn de Sanskryt literatuer oer de iere boedistyske skoallen. 'Vibhajya' referearet oan 'analyze', en waard foar relatyf koarte tiid brûkt, yn de perioade fan kening Asoka.
Boarnen, noaten en/as referinsjes: |
|