Springe nei ynhâld

Teravada

Ut Wikipedy
(Trochferwiisd fan Tearavada)

It Teravada (Paly, letterlik 'Tradysje fan de Aldsten') is de tradysje dy't de oarspronklike boeddhistyske lear en konvinsjes folget. Soms wurdt it Teravada ek it 'Boeddhisme fan it Suden' neamd, omdat it him út Yndia wei nei it suden (Sry Lanka) ferspriede. It Teravada wurdt benammen oanhongen yn Sry Lanka, Myanmar, Tailân, Kambodja en Laos. Ek yn Yndoneezje en Chittagong (East-Bengalen) wurdt it Teravada sûnt lange tiid praktisearre, mar dêr is it in minderheidsbeweging. Tsjintwurdich ferspriedt it Teravada him ek mear en mear yn de westerske lannen.

De skiednis fan it Teravada giet werom op de Sanga (de mienskip fan boeddhistyske mûntsen) yn de tiid fan de Boeddha. Nei it Parinibbana (ferstjerren) fan de Boeddha ûntstienen der troch splitsingen yn de Sanga achttjin ferskillende skoallen; de iere boeddhistyske skoallen. It Teravada wie de haadstreaming, dêr't de oare skoallen út fuortkamen troch ôfsplitsingen. It Teravada is de ienige fan dizze iere boeddhistyske skoallen dy't noch altiten bestiet.

It Teravada stie soms ek bekend ûnder de nammen Staviravāda en Vibajyavāda. 'Sthavira' is Sanskryt foar it Paly-wurd 'Thera', en waard brûkt yn de Sanskryt literatuer oer de iere boeddhistyske skoallen. 'Vibhajya' referearret oan 'analyze', en waard foar relatyf koarte tiid brûkt, yn de perioade fan kening Asoka.

Boarnen, noaten en referinsjes

[boarne bewurkje]
Boarnen, noaten en/as referinsjes: