Springe nei ynhâld

Tawakkul Karman

Ut Wikipedy
(Trochferwiisd fan Tawakkol Karman)
Tawakkul Karman
persoanlike bysûnderheden
echte namme Tawakul Karmān (توكل كرمان)
nasjonaliteit Jemenitysk
Turksk
berne 7 febrewaris 1979
berteplak Mekhlaf (Jemen)
etnisiteit Jemenitysk-Arabysk
Turksk
wurkpaad
berop/amt sjoernaliste, politika
aktyf as minskerjochte-aktiviste
jierren aktyf 2007 – no (as aktiviste)
reden
  bekendheid
liedster fan 'e pro-demokrasy-
   beweging yn Jemen
prizen Nobelpriis foar de Frede 2011

Tawakkul Karman (Arabysk: توكل كرمان; sekuerder transliterearre: Tawakul Karmān; Mekhlaf, 7 febrewaris 1979) is in Jemenitysk sjoernaliste, politika en minskerjochte-aktiviste, dy't har foar de bûtenwrâld oer ûntjoech ta it gesicht fan 'e Jemenityske Opstân fan 2011, in ûnderdiel fan 'e Arabyske Maityd.

Tawakkul Karman yn 2012.

Karman is ien fan 'e lieders fan 'e politike partij Al-Islah, en stiet oan it haad fan 'e aksjegroep Sjoernalistes sûnder Boeiens, dy't se yn 2005 mei-oprjochte. Sûnt dy tiid hat se yn har heitelân bekendheid krigen troch har net-ôflittende striid foar minskerjochten (en yn it bysûnder frouljusrjochten) en parsefrijheid. Fan 2007 ôf late hja wyklikse demonstraasjes foar politike herfoarmings yn 'e Jemenityske haadstêd Sana'a.

Doe't yn 2011 de Arabyske Maityd útbriek, earst yn Tuneezje, doe yn Egypte en letter ek yn oare lannen, soarge sy derfoar dat de protesten yn Jemen krekt sa organisearre waarden, en waard se ien fan 'e oanfierders fan 'e moannenlange demonstraasjes tsjin it bewâld fan presidint Ali Abdullah Saleh. De Jemeniten neame Karman de "Izerne Frou" en de "Mem fan 'e Revolúsje". Yn 2011 waard har yn 'e mande mei twa oaren (de Liberiaanske presidinte Ellen Johnson Sirleaf en de Liberiaanske fredesaktiviste Leymah Gbowee) de Nobelpriis foar de Frede takend. Karman is de earste Jemenyt, de earste Arabyske frou en de twadde islamityske frou dy't eare wurdt mei in Nobelpriis. En teffens is se de jongste persoan dy't ea de Nobelpriis foar de Frede krigen hat.

Yn 2012 waard Karman, dy't úthâldt dat har famylje oarspronklik ôfkomstich is út 'e stêd Karaman, yn Anatoalje, troch de Turkske oerheid de (bykommende) Turkske nasjonaliteit oanbean, dy't hja oannaam.