Springe nei ynhâld

Taurinus fan Évreux

Ut Wikipedy
Sint-Taurinus
   hillige
Finster fan Sint-Taurinus yn de Église Saint-Tourain
Finster fan Sint-Taurinus yn de Église Saint-Tourain
persoanlike bysûnderheden
bertedatum 350
stjerdatum 425
wurkpaad
berop biskop fan Évreux
hillichferklearring
fereare troch Roomsk-Katolike Tsjerke
hjeldei 11 augustus

Taurinus fan Évreux (Frânsk: Saint Taurin, berne om it jier 350 hinne; ferstoarn om it jier 425 hinne) is in hillige en jildt as earste biskop fan it Normandyske bisdom Évreux. Syn feestdei is op 11 augustus.

Der is fierder hast neat bekend oer de komôf fan Taurinus. De âldste oerlevering fan Taurinus is in op de 9e-iuw basearre 10e-iuwsk manuskript. Taurinus soe troch de paus nei it noarden stjoerd wêze om yn Galje de heidenen te bekearen. Letter waard er ûnder de prefekt Licinius martele, mar hy waard net fermoarde om't er de soan fan de prefekt nei in ûngelok op it hynder wer ta libben wekt hie. Letter feroare Taurinus in timpel fan Diana yn in Marijetsjerke. Oare mirakuleuze en legindaryske ferhalen folgen. Nei it lêzen fan de hillige misse ferstoar Taurinus fredich yn 'e stoel.

Relykskryn fan Taurinus yn de sakristy fan de Église Saint-Tourain yn Évreux

Taurinus is de patroanhillige fan it bisdom Évreux. Yn de 6e iuw waard in kleaster boud dat oan Taurinus wijd wie. Richart I fan Normandje liet it kleaster yn de 10e iuw restaurearje. Yn it noarden fan Frankryk binne ferskillende tsjerken nei "Saint-Taurin" ferneamd.

De reliken fan de biskop waarden yn Évreux bewarre, mar yn de 9e iuw ferlieten dielen nei oare plakken yn Frankryk. De ynfallen fan de Wytsings yn de 10e iuw lieden ta it oerbringen fan de oare reliken nei Gigny. Se waarden nei ferskillende plakken yn feiligens brocht. Mar in pear stikjes fan bonken bleaune efter en foar dy reliken waard yn de 13e iuw in ferfulde relikwykskryn makke. De skryn oerlibbe de Frânske Revolúsje en wurdt tsjintwurdich bewarre yn de katedraal fan Évreux.

Oan Taurinus waarden ferskillende mirakels taskreaun. Neffens de leginde soed er in jong famke, Eufrasia, út de dea helle ha nei't hja ferstoar by in brân, wylst har hûd wer frij wie fan brânwûnen. It levere Taurinus 120 bekearlings op. In oar mirakel fan Taurinus wie it wer opwekken Marinus, de soan fan in lokale prefekt nei't dy fan it hynder fallen wie en oan de gefolgen ferstoar. In koart gebed en de jonge riisde wer op. Ek Marinus bekearde him mei syn gefolch en dêrnjonken nochris 1200 minsken.

Boarnen, noaten en referinsjes

[boarne bewurkje]
Boarnen, noaten en/as referinsjes:

Foar boarnen en oare literatuer, sjoch ûnder: References, op dizze side