Tante Leen
Tante Leen | ||
sjonger en/of muzikant | ||
Tante Leen yn "Op losse groeven" fan de TROS, 1971 | ||
persoanlike bysûnderheden | ||
echte namme | Helena Kok-Polder Helena Jansen-Polder | |
nasjonaliteit | Nederlânsk | |
berne | 28 jannewaris 1912 | |
berteplak | Amsterdam | |
stoarn | 5 augustus 1992 | |
wurkpaad | ||
sjenre | Libbensliet | |
jierren aktyf | 1955-1975 | |
offisjele webside | ||
gjin |
Tante Leen (Amsterdam, 28 jannewaris 1912 – dêre, 5 augustus 1992), wiere namme Helena Kok-Polder, letter Helena Jansen-Polder, wie in Nederlânsk folkssjongster út de Jordaan.
Karrière
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]Tante Leen wie al 43 jier doe't se foar it earst optrede. Dêrfoar wie se skjinmakster en grenatepelster. Besikers fan it kafee dêr't se wol song skreaune har yn foar in talintejacht dy't platemaatskippij Bovema útskraeun hie om de Bêste Stim fan de Jordaan te finen. Sy helle it twadde plak achter Johnny Jordaan. Fan doe ôf oan wie har bynamme de nachtegaal van de Willemsstraat.
Tante Leen trede faak op mei Johnny Jordaan en waard faak begelaat troch in akkordeonist, bygelyks Jan Schallig. In protte fan har teksten wiene fan de hân fan Jaap Valkhoff. Har grutste hit hie se mei it nûmer Oh, Johnny dat oan Johnny Jordaan rjochte wie. Dy anderde mei it liet Tante Leen, Tante Leen, Tante Leen, ik ga een liedje over je zingen fan Harry de Groot.
Fan 1960 ôf hie Tante Leen tegearre mei har twadde man (har earste man kaam yn de Twadde Wrâldoarloch om by in bombardemint) 'Ome' Bram Jansen in eigen kafee oan de Nieuwendijk 103, dêr't se alle dagen optrede. Yn 1947 krigen se in soan, Freddie. Yn 1968 waard se útnûge om Nederlân te fertsjintwurdigjen op it Eurofyzjesjongfestival, mar dy sloech se ôf. Tante Leen wie ek in grut supporter fan AFC Ajax. Sy brocht ferskate platen út dy't se opdroech oan de club, lykas Ajax Hup Hup Hup, Ajax en Ajax is niet dood!, in duet mei Johnny Jordaan.
Tante Leen sluet har sjongkarriêre yn 1975 ôf en brocht de lêste jierren fan haar libben troch yn in fersoargingshûs.
Yn 1994 waard in boarstbyld foar har oprjochte op it pleinsje oan it begjin fan de Elandsgracht; har byld kaam njonken dat fan Johnny Jordaan te stean. It plein hjit no Johnny Jordaanplein.
Diskografy
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]Singles
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]Lieten yn de Flaamske Ultra Top 50 | Datum fan ferskinen | Datum fan ynkomst | Top posysje | Weeks in list | Opmerkings |
---|---|---|---|---|---|
Oh Johnny | 1956 | 01-08-1956 | 1 (3 wiken) | 32 | - |
Ik kan vergeven | 1956 | 01-11-1956 | 7 | 12 | - |
Dvd's
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]Dvd's mei hitnoteringen yn de Nederlânske Music Top 30 | Datum fan ferskinen |
Datum fan ynkomst |
Heechste plak |
Tal wiken |
Opmerkingen |
---|---|---|---|---|---|
Bij ons in de Jordaan | 2005 | 17-09-2005 | 1(3wk) | 13 | mei Johnny Jordaan & Willy Alberti |
Ofbylden dy't by dit ûnderwerp hearre, binne te finen yn de kategory Tante Leen fan Wikimedia Commons. |