Springe nei ynhâld

Harry de Groot

Ut Wikipedy
Harry de Groot
artyst en/of kabaretier
Harry de Groot yn 1961
Harry de Groot yn 1961
persoanlike bysûnderheden
nasjonaliteit flagge fan Nederlân Nederlânsk
berne 24 desimber 1920
berteplak Amsterdam
stoarn 27 septimber 2004
stjerplak Blaricum
wurkpaad
wurksum as Komponist, muzikant

Harry de Groot (Amsterdam, 24 desimber 1920 - Blaricum, 27 septimber 2004) wie in Nederlânsk komponist, akkordeonist en sjonger.

De Groot wie de komponist fan ûnder oare ferskes fan Johnny Jordaan, Tante Leen en Willy Alberti. Hy skreau tûzenen ferskes, ûnder oare Geef mij maar Amsterdam, Een Pikketanussie, De zon schijnt voor iedereen en Als het orgel speelt op die ouwe Lindengracht. Dêrneist komponearre er de muzyk foar ferneamde (NCRV) telefyzjesearjes en musicals út de sechtiger jierren sa as Swiebertje, Vadertje Langbeen, De kleine waarheid, Stiefbeen en zoon en Farce Majeure. Foar dat lêste programma skreau er syn bekendste hit Het is uit het leven gegrepen. It publyk hearde syn muzyk nammers folle faker as it him realisearre, om't De Groot ek de muzyk skreua foar tal fan reklamespotsjes.

De Groot bespile sels allerhande ynstruminten, lykas de akkordeon, en makke ek namme as arranzjeur. As orkestlieder hat er sûnt 1945 in soad foar radio en telefyzje wurke. Sa wurke er oan praktysk alle telefyzjeshows fan Ted de Braak mei, en wie er belutsen by ferskate sjongfestivals. Hy stie sels noch in pear kear foar it Berlynsk Radio Filharmoanysk Orkest. Ek wie De Groot aktyf as sjonger, meast yn it fokaal ensemble The High (Hi) Five, dêr't De Groot in protte reklamespots mei opnaam. De groep wie ek te hearren op de Mieke Telkamp-hit Waarheen, waarvoor út 1971.

Hy waard yn 1969 ûnderskieden mei de Gouden Harp. Yn 1980 krige er de Bulgaarske regearingskultuerpriis, de Oarder fan Sint-Syrillus en Sint-Metodius (De Groot wie 24 jier lang sjuerylid fan it "Gouden Orpheus"-sjongfestival). Hy wie - nei Herbert von Karajan - de twadde net-Bulgaar dy't dy priis krige. Ynternasjonale erkenning krige er yn 1981 ek mei de Distant Accords Statuette.

De Groot stoar yn de âldens fan 83 jier yn it sikehûs fan Blaricum.

Keppelingen om utens

[bewurkje seksje | boarne bewurkje]