Springe nei ynhâld

Tamara Schoppert

Ut Wikipedy
Dizze side moat noch by de tiid brocht wurde.
Jo wurde útnûge om dêr in begjin mei te meitsjen



Tamara Schoppert
akteur
persoanlike bysûnderheden
echte namme Tamara Schoppert
nasjonaliteit Nederlânsk
berne 30 maart 1968
berteplak Amsterdam
offisjele webside
IMDb-profyl

Tamara Schoppert (Amsterdam, 30 maart 1968) is in Nederlânske aktrise en regisseuse. Sy spile by toanielselkip Tryater en presintearre Skoalletelefyzjeprogramma's.

Tamara Schoppert is berne yn Amsterdam, mar groeide op yn in pleechgesin yn Wynjewâld. Dêrtroch praat Tamara pas sûnt har njoggende Frysk. Nei har diploma oan de Pedagogyske Akademy helle te hawwen folge se in oplieding ta dramadosinte. Se joech trije jier les oan de Teäterskoalle yn Ljouwert. Nei in audysje foar de bernefoarstelling "De Lytse Seemearmin" fan Judith Herzberg koe se oan de slach by Tryater.

By it grutte publyk waard se bekend troch har rol yn Pak'm Stanzi. Dêryn stie de wrakselsport sintraal en hat har hiel wat blauwe plakken oplevere.

Yn 1999 spile se yn gearwurking mei de Ljouwerter Harmony by it Bos Teäter in stik dat skreaun is troch Bouke Oldenhof. Letter die se ek sels de regy fan toanielstikken.

Se spile ek mei yn de film Sportman fan de Ieu

Foar de Skoalle-TV presintearret se De Ezel van Quast, dy't útstjoerd wurdt op Z@ppelin (Nederland 3).

Se spile mei yn:

  • It Perfekte Byld
  • Pak'm Stanzi

Keppeling om utens

[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Boarnen, noaten en referinsjes

[boarne bewurkje]
Boarnen, noaten en/as referinsjes: