Talin
Talin Թալին | ||
![]() | ||
De katedraal fan Talin | ||
Bestjoer | ||
Lân | Armeenje | |
Provinsje | Aragatsotn | |
Sifers | ||
Ynwennertal | 5.310 (2016) | |
Oerflak | 7 km² | |
Befolkingsticht. | 760 / km² | |
Hichte | 1.585 m | |
Oar | ||
Tiidsône | GMT+4 (UTC+4) | |
Simmertiid | GMT+5 (UTC+5) | |
Offisjele webside | ||
Side fan de stêd |
Net te betiizjen mei Tallinn, de haadstêd fan Estlân.
Talin (Armeensk: Թալին) is in stêd yn it westlike diel fan Armeenje. Yn 2011 hie Talin in ynwennertal fan 5.310. Offisjeel waard it tal ynwenners yn 2016 op 3.800 rûsd. De stêd stiet bekend om de 7e-iuwske katedraal.
Talin is mei fynsten út de jonge stientiid ien fan de âldst bewenne plakken fan it hjoeddeiske Armeenje. Foar it earst wurdt der yn de 2e iuw oer de stêd Talin skreaun troch de Grykske geograaf Ptoleméus. Hy neamde it plak Talina, de fergrykske foarm fan de Armeenske namme Talin.
Ynwenners
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]De befolking fan Talin stamt foar in grut part ôf fan foarâlden, dy't yn de jierren 1829-1830 ferhûzen út de stêden Kars, Doğubeyazıt en Eleşkirt yn it hjoeddeiske Turkije.
De belangrykste tsjerke is de 19e iuwske Sint-Joaristsjerke (Sûrp Gevork).
Yn de stêd wennet ek in lytse mienskip Jezidys.
Befolkingsûntwikkeling
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]Jier | 1831 | 1873 | 1897 | 1914 | 1939 | 1959 | 1979 | 2001 | 2011 | 2016 |
---|---|---|---|---|---|---|---|---|---|---|
Ynwennertal | 457 | 1.025 | 1.438 | 1.558 | 2.255 | 2.469 | 4.227 | 5.614 | 5.310 | 3.800 |
Sjoch ek
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]Keppeling om utens
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]![]() |
Ofbylden dy't by dit ûnderwerp hearre, binne te finen yn de kategory Talin, Armeenje fan Wikimedia Commons. |