Springe nei ynhâld

Katedraal fan Talin

Ut Wikipedy
Katedraal fan Talin
Սուրբ Աստվածածին Մայր Եկեղեցի
Lokaasje
lân Armeenje
provinsje Aragatsotn
plak Talin
koördinaten 40°23'N 43°52'E
Arsjitektuer
boujier 7e iuw
Kaart
Katedraal fan Talin (Armeenje)
Katedraal fan Talin

De Katedraal fan Talin (Armeensk: Թալինի մայր աճար ) is in katedraal yn it Armeenske stedsje Talin, wêrfan't de bou datearre wurdt op 'e 7e iuw. It bouwurk heart ta de grutste katedralen fan it lân en is foar in part yn ruïneuze steat.

De katedraal stiet sintraal op it tsjerkhôf fan Talin en behearsket de skyline fan 'e omjouwing. Op basis fan 'e styl wurdt oannommen dat de tsjerke yn 'e 7e iuw boud waard. It monumint stoarte troch de ierdskoddings fan 1840 en 1931 foar in part yn. Njonken de op in tolvehoekige tamboer steande sintrale koepel is ek it measte fan de westlike fleugel ferneatige.

Soerp Astvatsatsin.

Yn 1947 waard der besocht om fierder ferfal op te kearen en yn 'e jierren 1972-1976 fûn foar in part in rekonstruksje plak. By opgravings yn dy tiid waarden in ienskippige basilyk en resten fan in paleis fûn.

Tichteby de katedraal stiet noch in lytsere tsjerke, dy't wijd waard oan 'e Mem fan God (Soerp Astvatsatsin). De bou dêrfan wurdt taskreaun oan ien fan 'e prinsen fan 'e famylje Kamsarakan, dy't yn 'e 7e iuw oer it gebiet om Talin hinne hearske.

Boarnen, noaten en referinsjes

[boarne bewurkje]
Boarnen, noaten en/as referinsjes: