Springe nei ynhâld

Tagea Brandt Rejselegat

Ut Wikipedy
Tagea Brandt Rejselegat
algemiene ynformaasje
nasjonaliteit Deensk
útrikt foar froulju yn wittenskip, muzyk,
   literatuer of keunst
frekwinsje 1x jiers
datum 17 maart
plak Kopenhagen (Denemark)
ynsteld 1922
1e útrikking 1924
offisjele webside
www.litteraturpriser.dk/pris/tbrandt

It Tagea Brandt Rejselegat ("Tagea Brandt Reisbeurs") is in Deenske priis dy't elts jier op 17 maart útrikt wurdt, mei't dat de jierdei wie fan Tagea Brandt, nei wa't de priis ferneamd is. Tagea Brandt (famkesnamme Rovning) wie in Deenske feministe dy't yn 1847 yn Kopenhagen berne waard en yn 1882 yn Odense kaam te ferstjerren, ien jier nei't hja troud wie mei de rike yndustrialist Vilhelm Brandt (1854-1921). Dyselde lei yn syn testamint fêst dat der fan in diel fan syn fermogen nei syn dea in fûns gearstald wurde moast, dat ta eare fan syn frou elts jier in jildbedrach yn 'e foarm fan in reisbeurs útkeare moast oan ien of mear froulju út 'e Deenske wittenskip, muzyk, literatuer of keunst. De bedoeling wie dat sokke froulju fan dat jild op fakânsje gean koene of dermei reizgje koene, om nije krêften op te dwaan foar harren fierdere karriêre.

It Tagea Brandt Rejselegat is nei Brandt syn dea, yn 1922 ynsteld, en yn 1924 foar it earst útrikt. Oarspronklik bedroech de beurs 10.000 Deenske kroanen, mar yn 1958 waard it bedrach ferhege nei 15.000 kroanen, yn 1967 nei 25.000, noch letter nei 50.000, en op 't heden leit it op 75.000 kroanen. Dizze priis wurdt yn 'e regel oan twa of trije froulju per jier takend, mar fan 2007 oant 2012 wie der elts jier mar ien winner, wylst der yn 1935 en nochris yn 1939 mar leafst seis wiene. Foar in folsleine list mei winners, sjoch op dizze side, op 'e Ingelske Wikipedy.

Keppelings om utens

[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Boarnen, noaten en referinsjes

[boarne bewurkje]
Boarnen, noaten en/as referinsjes:

Foar boarnen en oare literatuer, sjoch ûnder: References, op dizze side.