Springe nei ynhâld

Taco Scheltema

Ut Wikipedy

Taco Scheltema (Harns, 16 augustus 1766 - Felp, 7 septimber 1837) wie in portretskilder.

Scheltema wie in soan fan herbergier, letter winkelman Pieter Scheltes Scheltema (1702-1771) en dy syn twadde frou Hinke Bouwes Postma (1721-1782). Hy boaske yn 1799 oan Jacomina van Nijmegen (1768-1825) mei wa't er fiif bern krige.

Yn Amsterdam folge er koarte tiid lessen yn teken- en skilderkeunst fan de lânskip- en portretskilder Pleun Piera (1734-1799). Dêrnei bestudearre er de natoer en de goede modellen yn de galerij fan Dusseldorf. Dêr reizge er troch Saksen en kaam ek wol yn Amsterdam en te Rotterdam. Dêr skildere er ûnder oaren yn 1794 de grûnlizzers fan it Bataafsch Genootschap van proefondervindelijke wijsbegeerte dat yn de sealen boppe de beurs fêstige wie.

Scheltema skildere meast famyljestikken foar ferskate oansjenlike lju yn libbensgrutte bylden. Net allinnich knibbelstikken, mar ek ta fuotten út yn wolkeazene groepen, faak mids lânskippen.

In tiidlang wurke er op syn bûtenferbliuw Landzigt by Arnhim, dêr't er ek ferstoar. Syn portret wurdt bewarre by Van Eynden en Van der Willigen.

Taco Jan Scheltema (1831-1867), in pakesizzer, wie ek keunstskilder. Fan beide binne der selsportretten. Oare keunstners yn de famylje wiene: Jan Hendrik Scheltema (1861-1941) en Leendert Scheltema (1876-1966).

  • A. Staring, Een vergeten Portrettist: Taco Scheltema, yn: Oud-Holland 54 (1937), s. 193-213.

Boarnen, noaten en referinsjes

[boarne bewurkje]
Boarnen, noaten en/as referinsjes:
  • A.J. van der Aa - Biographisch woordenboek der Nederlanden. Diel 17. Earste stik. J.J. van Brederode, Haarlim 1874
  • Brouwer, J.H., en oaren (red.), Encyclopedie van Friesland, Amsterdam: Elsevier 1958, Scheltema, Taco.