Springe nei ynhâld

Tachyon Publications

Ut Wikipedy
Tachyon Publications
algemien
nasjonaliteit Amerikaansk
type privaat
sektor útjouwerij
fêstige yn San Francisco (Kalifornje)
oprjochte 1995
oprjochter Jacob Weisman
offisjele webside
www.tachyonpublications.com

Tachyon Publications is in lytse ûnôfhinklike Amerikaanske útjouwerij dy't him taleit op it publisearjen fan science fiction en fantasy. It bedriuw waard yn 1995 oprjochte troch Jacob Weisman en is fêstige yn San Francisco, yn 'e Amerikaanske steat Kalifornje. De útjeften fan Tachyon binne almeast romans dy't útskaaie nei "hegere" literatuer, en fierders ek in protte ferhalebondels en blomlêzings.

By Tachyon Publications binne wurken útkommen fan auteurs as Brian Aldiss, Kelley Armstrong, Kage Baker, Peter S. Beagle, Ellen Datlow, Kate Elliot, Joe R. Lansdale, Charles de Lint, Patricia A. McKillip, Michael Moorcock, Michael Swanwick, James Tiptree jr. en Tad Williams.

Yn 2013 wûn it boek After the Fall, Before the Fall, During the Fall, fan Nancy Kress, dat by Tachyon Publications ferskynde, sawol de Locus Award as de Nebula Award yn 'e kategory bêste novelle. Datselde jiers waard de Hugo Award foar bêste novelle takend oan The Emperor's Soul, fan Brandon Sanderson, dat ek troch Tachyon útjûn wie.

Keppelings om utens

[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Boarnen, noaten en referinsjes

[boarne bewurkje]
Boarnen, noaten en/as referinsjes:

Foar boarnen en oare literatuer, sjoch ûnder: References, op dizze side.