TUI Airlines Nederlân
Appearance
Arke | |||||
| |||||
In Boeing 737-800 fan Arke | |||||
Algemien | |||||
Oprjochte | 2005 | ||||
Haadkertier | Skiphol-Ryk | ||||
Hub(s) | Lofthaven Amsterdam Skiphol | ||||
Floatgrutte | 9 | ||||
Bestimmings | 53 | ||||
Alliânsje(s) | TUI Airlines | ||||
Memmebedriuw | TUI Group | ||||
Kaaifigueren | Elie Bruyninckx, direkteur | ||||
Finansjeel | |||||
Omset | €1,8 miljard (2014) | ||||
Wurknimmers | 2.500 | ||||
Offisjele webside | |||||
www.tuifly.nl |
TUI Airlines Nederlân, better bekend ûnder de hannelsnamme Arke, is in Nederlânske loftfeartmaatskippij dy't sawol sjarter- as feste flechten útfiert, benammen nei fakânsjebestimmings. It haadkertier fan it bedriuw stiet yn 'e neite fan Skiphol, de grutste lofthaven fan Nederlân. Tegearre mei fiif oare loftfeartmaatskippijen foarmet Arke de TUI Airlines-groep, de grutste ferfierder fan fakânsjegongers fan Europa.
Oktober 2015 sil de loftfeartmaatskippij Arke definityf omneamd wurde ta TUI Airlines Nederlân. De namme Arke ferdwynt dêrmei út it loftfeart- en toerismelânskip.
Float
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]De float fan Arke bestiet april 2015 út 9 fleanmasines.
Fleanmasine | Tal | Stuollen |
---|---|---|
Boeing 737-800 | 5 | 189 |
Boeing 787-8 | 3 | 291 |
Boeing 767-300ER | 1 | 283 |