Tûfein

Ut Wikipedy
Gean nei: navigaasje, sykje
Tûfein
Tufted-Duck-male-female.jpg
taksonomy
Klasse: Fûgels (Aves)
Skift: Goeseftigen (Anseriformes)
Famylje: Einfûgels (Anatidae)
soarte
Aythya fuligula

De Tûfein (Aythya fuligula) is in fûgel út de famylje fan de Einfûgels. De tûfein wurdt ek wol kamdûker, topein en túfke-ein neamd.

Foarkommen[bewurkje seksje | edit source]

In folwoeksen Tûfein is likernôch 45 sm grut en dermei like grut as de Jolling. De fûgel hat syn namme te tankjen oan de tûf dy't sawol it mantsje as it wyfke hawwe. It mantsje is meast swart mei in lange hingjende tûfe op'e kop, fierder hat er in wite búk en in ljochtblaue snaffel. It wyfke sit net sa opfallend yn de fearren, sy is meast brún en hat mar in koart tûfke.

Fersprieding[bewurkje seksje | edit source]

De Tûfeinen komme yn in grut part fan Jeropa foar. Yn West-Jeropa komme de fûgels meast it hiele jier foar. De fûgels út Skandinaavje en East-Jeropa binne meast trekfûgels dy't de winter oan de Middellânske See en de Swarte See trochbringe.

Iten[bewurkje seksje | edit source]

De Tûfein yt it meast moksels en ynsekten, dy't hy troch ûnder wetter te dúken fangt. Hy dûkt dêrby oant sa'n twa meter djip.

Fuortplanting[bewurkje seksje | edit source]

It nêst fan de Tûfein is soms in bulte wetterplanten, mar faaks wurd oan de wetterkant in nêst ûnder de strûken makke. De 7-10 aaien wurde yn sa'n trije en heale wike útbred.