Springe nei ynhâld

Toefdûker

Ut Wikipedy
(Trochferwiisd fan Tûfdûker)
toefdûker

simmerkleed

winterkleed
taksonomy
ryk dieren (Animalia)
stamme rêchstringdieren (Chordata)
klasse fûgels (Aves)
skift dûkereftigen (Podicipediformes)
famylje dûkerfûgels (Podicipedidae)
skaai dûkers (Podiceps)
soarte
Podiceps auritus
Linnaeus, 1758
IUCN-status: kwetsber
ferspriedingsgebiet
     simmerfûgel
     wintergast

De toefdûker (Latyn: Podiceps auritus) is in famyljelid fan de hjerringslynder. Yn Fryslân komt er hast net foar.

De 30-38 sm grutte toefdûker is hast like grut as in Swarthalsdûker, wêr't der in protte op liket. Yn syn briedkleed hat der in swarte kop mei geel-reade earplûmen. Fierder hat der in readbrune hals en bûk. Fierder binne de fearren swart. Hy hat in opfallend read each. Syn winterkleed is swartwyt mei in swarte krún en wite wangen. Fierder is der donker mei in wat ljochtere wite hals.

De fûgels briede in yn it noarden fan Jeropa, Aazje en Yslân. De fûgel is dêr meast te finen op marren tusken de nuddelbosk. De toefdûker oerwinteret in stik súdliker, oant Súd-Jeropa ta. By't winterdeis is de fûgel ek mear oan de kust. De toefdûker is in seldsume fûgel, it meast komt der foar yn bepaalde streken fan Sibearje.

De toefdûker makket in driuwend nêst. Meastentiids leit it wyfke trije oant sân blau-wite aaien mei beige plakken. De aaiten wurde yn 22-25 dagen útbret.

Aai fan 'e toefdûker.