Springe nei ynhâld

Syts fan Osinga

Ut Wikipedy

Syts fan Osinga, wie grytman fan Doanjewerstâl en soan fan Sybrand fan Osinga. Hy wie meardere jierren folmacht op de Fryske lândei en wie yn dy funksje op de begraffenis fan greve Willem Loadewyk. Op 1 desimber 1619 waard er oansteld as grytman fan Doanjewerstâl en wie yn 1641 lid fan Deputearre Steaten. Hy die ôfstân fan de gritenij om syn soan.

Hy boaske Tiets, dochter fan Tjalling fan Sixma, grytman fan Barradiel. Se wennen yn Langwar op Osingastate en hienen trije bern.

Boarnen, noaten en referinsjes

[boarne bewurkje]
Boarnen, noaten en/as referinsjes:
  • Sjarterboek D. V, siden 257-262;
  • Winsemius, Chron. side 905;
  • Fan Sminia, Nieuwe Naamlijst van Grietmannen, siden 349