Synagoge fan Winsum
Synagoge fan Winsum | ||
bouwurk | ||
lokaasje | ||
lân | Nederlân | |
provinsje | Grinslân | |
gemeente | It Hegelân | |
plak | Winsum | |
adres | Skoallestrjitte 24 | |
bysûnderheden | ||
type bouwurk | Synagoge | |
monumintnûmer | 1790 [1] | |
offisjele webside | ||
Side Stifting Behâld Synagoge Winsum |
De synagoge fan Winsum oan de Skoallestrjitte yn it Grinslânske doarp Winsum datearret út 1879. It restaurearre joadske monumint hat tsjintwurdich in sosjaal-kulturele funksje.
Skiednis
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]De joadske gemeente fan Winsum ûnstie oan it begjin fan de 19e iuw. Fral tusken 1825 en 1875 makke de gemeente in bloeitiid troch, mar de minsken kamen al dy tiid yn in hûskeamer oan de Westerstrjitte 21 by inoar. De synagoge waard pas boud nei't de delgong fan it tal leden al ynset wie. Under de gemeente foelen ek de doarpen Adorp, Baflo, Bedum, Ienrum, Kleasterbuorren en Warffum en oant 1877 ek Ulrum en Liens.
De joadske mienskip wie yn de jierren 1930 al sa lyts woarn, dat de synagoge ferkocht wurde moast. Sûnt 1935 hat it yn gebrûk west ûnder de namme N.A. de Vriesgebou. Yn 1948 is de joadske gemeente Winsum as selsstannige gemeente opheft.
It gebouke waard yn 1965 modernisearre, it plafond waard ferlege en de frouljuskreake weibrutsen.
Yn 1993 waarden oan de eastlike kant ramen ynbrocht mei de nammen fan de 13 Winsumer joaden, dy't yn de Twadde Wrâldkriich deportearre waarden nei Auschwitz. Yn 2010 folge in grutte restauraasje.
Boppe de tagong is in gevelstien ynbrocht mei de Hebriuwske tekst fan Numeri 24:5.
Keppeling om utens
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]Boarnen, noaten en/as referinsjes: | ||
|