Springe nei ynhâld

Syds Skeltes Tjaerda

Ut Wikipedy

Syds Skeltes Tjaerda (Rinsumageast, ein 15e iuw - dêre?, 13 desimber 1546) wie in edelman.

Nei Jancko Douwama wie Syds Tjaerda 25 jier de lieder fan’e plattelâns-Friezen, dy’t tsjin Karel V strieden foar harren âlde rjochten. Hy wie Alderman fan Dokkum, grytman fan Dantumadiel en lid fan Deputearre Steaten fan Fryslân.

Hy fertsjintwurdige de goede Fryske ealman út dy tiid (karakteradel), frommens, earbied foar geleardheid, ôfkar fan idele preal, ienfâld). Tjaerda keart him tsjin de sintralisaasjedrang fan Karel V en easket as fanâlds: de Steaten meie gearkomme, at se dat wolle; de Friezen meie harren eigen geastliken kieze.

Boarnen, noaten en referinsjes

[boarne bewurkje]
Boarnen, noaten en/as referinsjes:
  • Brouwer, J.H., J.J. Kalma, W. Kok, en M. Wiegersma, red., Ensyklopedy fan Fryslân, (Amsterdam: Elsevier, 1958) Syds Tjaerda.