Sweedske Eastyndyske Kompanjy
Appearance
De Sweedske Eastyndyske Kompanjy (Sweedsk: Svenska Ostindiska Companiet of SOIC) waard yn it jier 1731 yn Göteborg stifte mei it doel te keapmanjen yn it fiere easten.
De ynspriraasje foar de ûndernimming kaam fan de tige súksesfolle Nederlânske Vereenigde Oostindische Compagnie en de Britske Eastyndyske Kompanjy. De kompanjy waard yn de rin fan de 18e iuw de grutste hannelsûndernimming fan Sweden, oant er yn 1813 fallyt gong. In 1626 hie der al in foarrinner west meidat de Nederlanner Willem Usselinx fan de Sweedske kening it privileezje krige om te hanneljen yn de beide Ynjes. Dy maatskippij fear foaral op West-Ynje; de kaper Abraham Blauvelt wie der yn tsjinst.
Sjoch ek
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]- Feriene Eastyndyske Kompanjy, 1602
- Deenske Eastyndyske Kompanjy, 1616
- (Nederlânske) Westyndyske Kompanjy, 1621