Springe nei ynhâld

Swazylân

Ut Wikipedy
Kingdom of Eswatini
Umbuso weSwatini
Keninkryk fan Eswatini
Flagge fan Swazylân Wapen fan Swazylân
Flagge Wapen
Lokaasje fan Swazylân
Offisjele taal Ingelsk, Swazy
Haadstêd Mbabane
Steatsfoarm Monargy, steatshaad: kening Mswati III
Gebiet
% wetter
17,364 km²
0.9­%
Ynwenners (2005) 1,173,900
Munt lilangeni (SZL)
rand (ZAR)
Tiidsône UTC +2
Nasjonale feestdei 6 septimber
Lânkoade SZ, SWZ, 748
Ynternet .sz
Tillefoan 258
Universele map fan Eswatini

Swazylân (Keninkryk fan Eswatini, Ingelsk: Kingdom of Eswatini, Swazy: Umbuso weSwatini) is in lân yn it suden fan Afrika. It wurdt foar it grutste part ûmsletten troch Súd-Afrika en grinzet oan Mozambyk.

Mantenga Falls

Ut archeologyske fynsten docht bliken dat der al minsken yn Swazylân wennen yn de iere stientiid, sawat 200.000 jier lyn. De prehistoaryske rotsskilderingen dy't fûn binne stamme út om-ende-by 25.000 f.Kr.

De ierste ynwenners dêr't de komôf dúdlik fan is, wienen de Koisan jager-samlers. Dat folk soe troch de komst fan Bantû stammen foar it meastepart ferdreaun wurde. Iere bewizen fan lânbou en it brûken fan izer datearre fan de 4e iuw en de foarâlden fan de hjoeddeistige Sotho een Nguny sprekkers begûn har net letter as de 11e iuw yn Swazylân te fêstigjen.

It tsjintwurdich hearskjende Dlaminy geslacht krige har liederskip oer de regio al yn de 18e iuw. In grut Swazy keninkryk waard stifte troch Kening Sobhuza I begjin 19e iuw. Al gau nei dy tiid soene de earste blanken har ek yn de omkriten festigje. Yn de njoggentiger jierren fan de 19e iuw kleemde Súd-Afrika de hearskippij yn de Transfaal oer Swazylân mar krige nea de folsleine macht oer it gebiet. Nei de Twadde Boerekriich fan 1899 oant 1902, waard Swazylân in protektoraat fan Grut Brittanje. It lân waard op 6 septimber 1968 sellstannich en lid fan Britsk Mienebest. Sûnt dy tiid hat it lân te krijen mei in politike machtsstriid tusken pro-demokratyske krêften en de monargy.

  • lengte lânsgrinzen: 535 km, 430 km mei Súd-Afrika en 105 km mei Mozambyk)
  • kustline: 0 km (Swazylân grinzet net oan see)
  • heechste punt: Emlembe (1862 m.)
  • leechste punt: Usuturivier 21 m.
  • grutste rivier: Ingwempisi,
  • mineralen: stienkoal
Histoarysk ynwennertal

De grutste stêden binne:

  • Manzini mei 110.537 ynwenners
  • Mbabane mei 76.218 ynwenners
  • Big Bend mei 10.342 ynwenners (2005).

Mear as 90 % fan de befolking fan Swazylân hearre by it Bantûfolk fan de Swazy. Soto, Sûlû, Tsonga, blanken en healbloedsjes foarmje in minderheid.

It oantal HIV-ynfeksjes yn Swazylân is it heechste op de wrâld. Yn 2004 wie 39 % besmet, yn 2005 wie it 42 % fan de befolking. 63 % fan de âlderein en bern ha de sykte. Swazylân hat mei 34,1 jier de leechste trochsneed libbensferwachting fan de wrâld (2007).

Neffens de lêste rûzing is 66 % fan de befolking protestânsk kristlik. De rest fan de befolking leaut oan natoerreligys.

Eswatini is ferdield yn fjouwer distrikten:

  1. Hhohho
  2. Lubombo
  3. Manzini
  4. Shiselweni

BYP per persoan is $5.100 (2008). Gearstalling fan BYP per sektor is 11,9% lânbou, 45,1% yndustry en 43% tsjinsten.

Keppelings om utens

[bewurkje seksje | boarne bewurkje]
Commons Commons: Swazylân – foto, fideo en harktriemmen