Springe nei ynhâld

Oerlis:Swazylân

Page contents not supported in other languages.
Ut Wikipedy

Dat wie moatte no Bantûe sizze? Drewes (oerlis) 22 apr 2016, 20.03 (CEST)[beäntwurdzje]

Ik soe bûten de Benelúks safolle as mooglik de Fryske 'û' brûke foar ierdrykskundige begripen. Mei in útsûndering fan de 'oe' stavere foar in 'r'. Dy brekke de Friezen hast automatysk. It probleem by it Nederlânsk is dat dat gjin ûnderskie makket tusken de trije oe's dy't it Frysk ken. Dêrom liket it my de saak om dy standertregel ta de besteande Nederlânske begripen/wurden te beheinen. Yn 'e Wâlden (oerlis) 22 apr 2016, 20.20 (CEST)[beäntwurdzje]

Dizze mar efkes net, begryp ik. ;-) --PiefPafPier (oerlis) 22 apr 2016, 20.34 (CEST)[beäntwurdzje]

Attaboy. Drewes (oerlis) 22 apr 2016, 20.43 (CEST)[beäntwurdzje]

Ik haw in geheime list krige. Bantoe stiet der net tusken, mar op 'e ein stean noch wat oare wurdsjes (by 'Taheakke'). Wie it de bedoeling de FA te folgjen mei dizze list? By guon wurden winne de kapkes. [LIST] --PiefPafPier (oerlis) 22 apr 2016, 21.26 (CEST)[beäntwurdzje]

Bêste Pier, dy list is deselde as de list ûnder Nije stavering 2015. Yn 'e Wâlden (oerlis) 23 apr 2016, 10.46 (CEST)[beäntwurdzje]
No sjoch ik watsto bedoelst. Dy lêste taheakke 102-wurden binne oan de Provinsjale Steaten as alternatyf oanbean. Yn de 80er jierren is de oe/û-stavering net konsekwint trochfierd. En om no yn 2015 net alles op 'e kop te setten hat de Fryske Akademy socht nei in tusken oplossing sa't ik him ûnder de Nije stavering 2015 foar de Wiky útwurke haw. Se hawwe sjoen hoe't it no yn 2015 gewoanwei yn it Nederlânsk skreaun wurdt. By dy taheakke 102 sjochst ek wurden dy't wol yn dy dik 300-list telâne kaam binne. Yn 'e Wâlden (oerlis) 23 apr 2016, 11.00 (CEST)[beäntwurdzje]
Dat wurden as grûp/plûch/trûp kinne derút. --PiefPafPier (oerlis) 23 apr 2016, 16.17 (CEST)[beäntwurdzje]
Ja dat binne flaters tsjin it Frysk! Yn 'e Wâlden (oerlis) 23 apr 2016, 17.02 (CEST)[beäntwurdzje]